Springe nei ynhâld

Salvatore Sterck

Ut Wikipedy

Salvatore Sterck (Amsterdam, 6 maaie 1895 - Ljouwert, 16 juny 1965[1]) wie in Nederlânsk fioelepedagooch fan Joadsk komôf.

Hy wie soan fan Rachel de Vita (har heit hiet Salvador Haim) en Louis Sterck, muzykûnderwizer en lieder fan Vioolschool Louis Sterck, wenjende oan de Amstel (húsnûmer 108) te Amsterdam. Salvatore wie yn 1924 troud mei fioeliste Jenny / Jinke Rodenhuis, dochter fan in konsertsealhâlder (Konsertseal Rodenhuis oan de Breedstrjitte yn Ljouwert).

Hy krige muzyklessen fan syn heit. Salvatore Sterck wie fan hûs út altfioelist, mar bespile ek de viola d' amore. Dirigint Jan Paardekoper (learling fan Louis Sterck) fan de Leeuwarden Orkestvereeniging seach wol wat yn dizze musikus en naam him op yn syn orkest en joech him ek in funksje fan learaar oan de Stedelijk Muziekschool. Dat wie yn 1918.

Sûnt 1918 wurke er yn Fryske orkesten. Sa wie er altist yn it Frysk Orkest en lid fan it Collegium musicorum.

Sterck soe nei de opheffing fan de Leeuwarden Orkestvereeniging yn 1934 sels in ensemble gearstalle ûnder de namme Serioso. Hy siet ûnder de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt op in adres yn Ljouwert oan Achter de Hoven.
Yn de jierren sechtich hied er in eigen muzykskoalle, de School voor serieuze muziekbeoefening, oan de Bleeklaan 53.

Sterck mocht graach reizgje, hy reizge hiel West-Europa troch, mar die ek Algiers oan.

Hy ferstoar yn de âldens fan 70 jier yn it Diakonessehûs yn Ljouwert en waard yn Grins kremearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Advertintsje, Eigen muziekschool. Leeuwarder Courant (5 july 1961). Rieplachte op 15 maaie 2024 – fia delpher.nl.