Springe nei ynhâld

Sable (eilân)

Ut Wikipedy
Sable sjoen fanút de space shuttle, yn april 1994 (it noarden is loftsûnder).

Sable (Ingelsk: Sable Island; Frânsk: Île de Sable) is in Kanadeesk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan, dat op 43°57′0″ noarderbreedte by 59°54′57″ westerlingte leit, op likernôch 175 km súdeastlik fan 'e provinsje Nij-Skotlân. It is bestjoerlik yndield by de Regionale Gemeente Halifax, dêr't it likernôch 300 km fanôf leit. Sable wurdt mar amper bewenne en stiet fral bekend om 'e withoefolle skipsrampen dy't har der yn it ferline foardien hawwe, en om 'e populaasje ferwyldere hynders dy't der libbet.

Algemiene ynformaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sable hat in oerflak fan 34 km², mei in langwerpige, smelle, rûngeare foarm as fan in healmoanne. It eilân is 42 km lang fan noard nei súd, mar nearne mear as 1½ km breed fan west nei east. Der binne ferskate swietwetterpuollen oan 'e súdkant fan it eilân, en in brakke mar, Lake Wallace, yn 'e midden. Sable telt net mear 5 permaninte bewenners, al binne dat simmerdeis mear, mei dêrûnder fral wittenskippers en toeristen. Sable hat in beskerme status, sawol as in nasjonaal park as ûnder de Kanadeeske Skipfeartwet, en men moat offisjele tastimming hawwe fan 'e Kanadeeske Kustwacht om it te besykjen.

It eilân is eins in hege sânbank (de namme komt fan sable, it Frânske wurd foar "sân") dy't opsmiten is troch de natuerlike wetterstreamings yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan op in ûndjip plak op 'e kontinintale plaat. Der komt gauris tichte mist foar en stoarmen kinne der sûnder warskôging opstekke. Dy waarsomstannichheden en it feit dat Sable dwers oer de drokke healsirkelfoarmige skipfeartrûte tusken Jeropa en Noard-Amearika leit, hawwe makke dat der yn it ferline withoefolle skippen fergien binne. Sadwaande wurdt Sable ek wol it "Tsjerkhôf fan 'e Atlantyske Oseaan" neamd.

Sable sjoen fanút it noardwesten.

Sable waard wierskynlik yn 1521 ûntdutsen troch de Portegeeske ûntdekkingsreizger João Álvares Fagundes (al is it net folslein wis oft it eilân dat dy ûntdiek en Sable ien en itselde binne). In besykjen fan 'e Frânsen om it eilân te kolonisearjen mei in groep feroardielde finzenen mislearre oan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw. Neitiid waard it út en troch bewenne troch seehûnejagers, skipbreklingen en strânjutters.

Yn 1801 stifte sir John Wentworth, de doetiidske Britske gûverneur fan Nij-Skotlân, in rêdingsstasjon op it eilân, om help te bieden by nije gefallen fan skipbrek. Dat stasjon bestie út in sintraal gebou, twa rêdingsboaten, ferskate útsjochposten en guon skûlplakken foar skipbrekoerlibbenen. Yn 1867, doe't Kanada selsbestjoer krige, naam dat de ferantwurdlikheid foar Sable oer, wêrnei't yn 1872 twa fjoertuorren boud waarden. Koart nei 1900 waard der ek in waarstasjon op it eilân fêstige. Geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw laten ferbetterings yn 'e navigaasjetechnyk ta in drastyske ôfname fan it tal skipbrekken, oant it rêdingsstasjon yn 1958 sletten wurde koe. Sûnt dy tiid is inkeld it waarstasjon noch aktyf.

It waarstasjon op Sable.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op Sable groeie gjin beammen, mar nammenste mear taaie dúngerzen en oare leechgroei. Yn 1901 besocht de Kanadeeske oerheid de grûn fan it eilân te ferstevigjen troch der mear as 80.000 beammen te plantsjen, mar dy't giene allegear dea. Letter besocht men soks noch ferskate kearen, wat úteinlik resultearre yn it oerlibjen fan ien dinnebeam, dy't plante is yn 'e 1960-er jierren en no noch gjin meter heech is.

Wat fauna oanbelanget libje der op Sable grutte koloanjes gewoane seehûnen en grize seehûnen. Wat dy lêste soarte oanbelanget waarden yn 'e sechstiger jierren mar 200 oant 300 nije jongen per jier teld, mar yn 2003-2004 wiene der wol 50.000. Op 'e seehûnen wurdt jacht makke troch ûnderskate soarten haaien dy't yn it wetter om it eilân hinne libje. De opmerklike "koarketrekker"-foarmige bytwûnen op oanspielde seehûneliken wize derop dat de Grienlânske haai ferantwurdlik is foar de measte oanfallen. Fierders libje en briede der grutte fûgelkoloanjes op it eilân, wêrûnder dy fan 'e Noardske stirns en de Savannahgoars.

Sable-eilânhynders.

De meast opfallende bisten op Sable binne lykwols de mear as 400 ferwyldere hynders, dy't nei alle gedachten ôfstamje fan 'e yn beslach nommen hynders fan 'e Akadianen, de oarspronklike Frânske kolonisten fan 'e Kustprovinsjes, dy't yn 1755 by de saneamde Grutte Utwizing troch de Britske koloniale autoriteiten út Nij-Skotlân ferballe waarden. Dy hynders soene op it eilân efterlitten wêze troch de Bostonske keapman Thomas Hancock. Yn it ferline waarden de Sable-eilânhynders om 'e safolle tiid foar in part byinoar dreaun, nei it Kanadeeske fêstelân ferskippe en dêr ferkocht. Sûnt 1960 hawwe se lykwols in beskerme status.

Sable hat in seeklimaat, mei yn augustus, de waarmste moanne, in trochsneed temperatuer oerdeis fan 20,7 °C, en yn febrewaris, de kâldste moanne, fan 1,8 °C. It eilân kriget jiers trochinoar 1.399 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 108,3 sm snie. Sable stiet lykwols fral bekend om syn mist, dy't feroarsake wurdt trochdat by it eilân de kâlde Labradorstream en de waarme Golfstream gearkomme. Jiers hat Sable trochinoar 1.144 oeren mist, wat in rekôr is foar Kanada.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.