Suderie

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Súd Ie")
Gean nei: navigaasje, sykje
De Súd Ie yn de Eanjumer Kolken
De Súdie yn 1718; sa lei er derhinne oant de Lauwersseewei begjin jierren 1970 oanlein waard

De Suderie ek wol Súd Ie neamd is in wetter yn de gemeente Dongeradiel.

De Suderie rint fan Dokkum nei Iezumasyl dêr't hy yn de Lauwersmar útkomt. De Jaarlasleat (lokaal: it Jellegat) foarmet de ferbining mei de Peazens. De Lauwersseewei rint tusken Dokkum en Mitselwier deun de Suderie bylâns. By it oanlizzen fan dy provinsjale wei binne ferskeidene bochten yn de Suderie ôfsnijd.

Fan de Suderie rinne ferskate opfearten nei de doarpen Eastrum, Mitselwier (de Lange Sleat), Moarre, Ie oer De Tibben (sjoch Iester Ryd) en Eanjum.

By Iezumasyl stiet it gemaal De Dongeradielen dy't it wetter út de Suderie yn de Lauwersmar pompt. Troch de skutslûs kinne boaten fan de Lauwersmar op de Suderie komme.

Yn de folksmûle waard de it part fan de Suderie east fan Dokkum ek wol Hurdridersgrêft neamd, fanwege de riderijen dy't dêr hâlden waarden yn de 19e iuw.

De namme Súdie liket allinnich te ferklearjen troch in omkeart kaartbyld mei it súden nei boppe keart. Yn'e Súdlike Nederlannen kaam dat faker foar sa't skynt, yn it Noarden wie it seldsumer. Guon ûndersikers miene dat der earst twa slinken wiene, dy't mei it trochgraven fan in 'wâl' by de Reidswâl ien wurden binne.

Súd Ie en Wetterfront Dokkum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simmer 2013 hawwe it Waadfûns, de provinsje Fryslân, de gemeente Dongeradiel, Wetterskip Fryslân en oare partijen totaal 19,1 miljoen ta foldwaan jûn om de earste faze fan it programma 'Súd Ie en Wetterfront Dokkum' moogelik te meitsjen. Yn it ramt fan it plan sille de grêften yn Dokkum en de Súd Ie baggere wurden en brêgen ferhege wurde om de plezierfeart fan Dokkum nei de Lauwersmar fuort te sterkjen.[1] Teffens is der in soad omtinken foar it ferbetterjen fan wetter en iggen foar floara en fauna.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Projekt Suder Ie op it webstee fan Dongeradiel