Springe nei ynhâld

Rostov oan de Don

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rostov oan 'e Don)
Rostov oan de Don
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Rostov
Sifers
Ynwennertal 1.135.968 (2023)
Oerflak 348,5 km²
Befolkingsticht. 3259,59 ynw./km²
Hichte 50 m
Oar
Tiidsône MSK, UTC+3
Koördinaten 47° 08' N 39° 44' E
Offisjele webside
Side fan de stêd
Kaart
Rostov oan de Don (Jeropeesk Ruslân)
Rostov oan de Don

Rostov oan de Don (Russysk: Ростов-на-Дону, Rostov-na-Donû) is in stêd yn it suden fan Ruslân. It is in havenstêd oan 'e rjochter kant fan 'e Don, dy't likernôch 45 kilometer fierderop yn 'e See fan Azov útkomt. De stêd leit likernôch 1100 kilometer súdlik fan 'e haadstêd Moskou en is it bestjoerlik sintrum fan 'e oblast Rostov.

Rostov oan 'e Don moat net betiizge wurde mei Rostov Veliki yn de oblast Jaroslavl.

Al iuwenlang hat de mûning fan 'e Don fan grut kommersjeel en strategysk belang west. De grykske koloanje Tanaïs lei dêr, lykas ek it Genueeske fort Tana en de Turkske fêsting Azov. Rostov oan 'e Don waard yn 1749 troch keizerin Elisabeth Petrovna stifte as dûanepost. Der waarden in haven oanlein en pakhûzen en in kazerne boud. Tsjin de Turkske oanfallen waard yn 'e jierren 1760-1760 de delsetting fersterke. Katarina de Grutte ferneamde it fort nei biskop Dmitri fan Rostov, dy't krekt foar dy tiid hillich ferklearre wie. De fêsting spile in wichtige rol yn de Russysk-Turkske oarlogen yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw. Yn it tiidrek 1768-1774 tsjinne de fêsting as basis foar de oanfallen op 'e Turkske fêsting Azov.

Yn 1779 waard eastlik fan 'e fêsting de Armeenske delsetting Nachitsjevan oan 'e Don stifte. Yn deselde snoarje sette de ûntwikkeling fan Rostov útein. Yn 1785 krige it plak stedsrjochten en waard der in stedhûs boud. De stêd waard yn 1797 haadstêd fan de provinsje.

Rostov oan de Don foar de revolúsje.

Yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw ferlear Rostov de militêre betsjutting. It garnizoen fan Rostov ferhûze yn 1835 nei Anapa en dêrmei wie it ek dien mei it fort. Dochs bleau it ynwennertal tanimmen en healwei de 19e iuw hie de stêd likernôch 15.000 ynwenners. De oansluting op it spoar folge yn 1875 en dêrmei waard Rostov in wichtich transportsintrum foar de ferbinings mei de Kaukasus.

Fanwegen de geunstige lokaasje fan 'e stêd bleau it tal ynwenners fan Rostov tanimmen: yn 1915 gyng de stêd oer de grins fan 100.000 hinne. Yn 'e Russyske Boargerkriich fochten Witen en Readen fûleindich om 'e stêd, dêr't in soad fabriken stiene, oant de stêd yn 1920 definityf yn hannen fan de bolsjewiken foel. Rostov en Nachitsjevan waarden yn 1920 gearfoege en de stêd krige doe de namme Rostov oan de Don. Yn 'e jierren 1941 en 1942 waard de stêd troch de Dútsers beset en foar in grut part ferneatige. Fan Ruslân wie Rostov oan de Don yn 'e Twadde Wrâldkriich ien fan de tsien slimst troffen stêden troch kriichgeweld. Yn 1942-1943 fermoarde SS Einsatzgruppe D yn Rostov likernôch 27.000 boargers (fral joaden mar ek etnyske Russen) op it plak dat Zmijovskaja Balka (Змиёвская балка, oers.: Slangeravyn) hjit.

Sûnt it begjin fan de 21e iuw makket Rostov oan 'e Don lykas ek Ruslân wer in tiidrek fan ekonomyske foarútgong mei.

Sicht op it moderne Rostov oan de Don.

Rostov oan de Don is ien fan de wichtichste ekonomyske sintra fan Súd-Ruslân. It wie ynearsten benammen in hannelsstêd. Foar de oktoberrevolúsje wie it de tredde stêd fan it ryk en wat it folume fan de bûtenlânske hannel oanbelanget. Oan it begjin fan de 20 iuw hie Rostov al in grut tal fabriken, wêrûnder in grutte bouwer fan it spoar. In tredde part fan 'e yndustry wie yn bûtenlânske hannen.

Tsjintwurdich binne de wichtichste tûken fan yndustry de masjinebou, produksje en ferwurking fan iten, gemyske yndustry en ferskate foarmen fan lichtere yndustry. Der wurde û.o. meanterskers (mear as de helte fan de hiele produksje yn Ruslân), helikopters, yndustriële apparatuer, klokken, klean, learprodukten, tabaksprodukten en navigaasjeapparatuer produsearre.

Rostov hat in tuskenbeiden kontinentaal klimaat mei neffens russyskje ferhâldings sefte winters. Winterdeis leit der sa'n 10 oant 25 dagen snie. De trochhinne temperatuer is yn jannewaris -4 °C. De simmers binne lang, waarm, droech mei in soad sinne en in trochsneed temperatuer yn july fan 23,4 °C. De trochsneed delslach yn it jier is 650 mm.

Underwiis en wittenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Rostov steane in grut tal hegeskoallen en fjouwer universiteiten. De âldste universiteit fan de stêd, de Steatsuniversiteit fan Rostov, waard yn 1915 stifte doe't de Russyske universiteit út Warsjau ferhûze waard. Ut dy universiteit ûnstiene noch trije oare selsstannige universiteiten.

Sport en Kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rostov Arena.

Yn it ramt fan it Wrâldkampioenskip fuotbal 2018 waard de Rostov Arena boud, dy't plak hat foar 45.000 minsken.

Rostov oan de Don is it kulturele sintrum fan de regio. De stêd hat it Gorkiteäter, it jongereinteäter, it poppeteäter en in sirkus. Ek stiet der yn de stêd in museum foar (benammen Russyske) byldzjende keunst en in folkekundich museum.

Katedraal.
It spoar yn Rostov oan de Don

In soad histoaryske gebouwen gyngen yn de Twadde Wrâldkriich ferlern, mar de stêd hat dochs noch jimmeroan in goede 540 monuminten. De Aleksander Nevskikatedraal út 1908 en de Grigorija-katedraal yn Nachitsjevan (1783-1807) waarden yn de Sovjettiid ôfbrutsen. It wichtichste monumint yn it sintrum fan 'e stêd is de Katedraal fan de Berte fan de Jongfaam Marije (1854-1860).

De grutste feestdagen fan Rostov wurde op 9 maaie (Dei fan de Oerwinning) en midden septimber (Dei fan de Stêd) fierd.

De stêd foarmet in wichtich ferkearssintrum en wurdt ek wol "Poarte fan de Kaukasus" neamd. Treinen nei Voronezj, Donetsk en Batajsk komme tegearre yn Rostov. Grutte autobanen ferbine de stêd mei Moskou, Kiëv en Bakû.

Ek oer de Don wurdt omraak transportearre en de rivier ferbynt it súdwesten fan it lân mei it sintrum fan Europeesk Ruslân. De haven is goed foar in soad ferfier fan reizgers en produkten en hat tagong ta de Swarte See en de See fan Azov en troch it Wolga-Don-kanaal ek mei de Wolga en de Kaspyske See. Yn de haven wurde benammen hout, erts, mineralen en lânboumasjines oerslein.

De stêd hat in ynternasjonale lofthaven mei ferbinings nei hast alle grutte stêden fan Ruslân. Ek kin der op it bûtenlân flein wurde, benammen nei East- en Sintraal Europa, mar ek Spanje, Dútslân en Syrje.

Partikuliere of gemeentlike trams, bussen en trolleybussen biede ferfier yn de stêd oan.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rostov-on-Don fan Wikimedia Commons.