Katedraal fan de Berte fan de Faam Marije (Rostov oan de Don)
Marije-Bertekatedraal
Богородицкий собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Rostov | |
plak | Rostov oan de Don | |
koördinaten | 47° 14' N 40° 02' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Konstantin Thon | |
boujier | 1854-1860 | |
boustyl | Russysk-byzantynske styl | |
Webside | ||
sobor.rostoveparhia.ru | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan de Berte fan de Faam Marije (Russysk: Богородицкий собор, Bogoroditski sobor) is in otterdokse katedraal yn Rostov oan de Don (Ruslân). It is de haadtsjerke fan it yn 2011 stifte bisdom Rostov en Novotsjerkask.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't yn 'e 18e iuw hjir in grutte delsetting ûntstie fan soldaten, boargers en keaplju, naam de oerheid it beslút om in tsjerke te bouwen ta eare fan 'e berte fan de hillige Jongfaam Marije. De lokaasje fan 'e nijbou waard fûn yn 'e selde delsetting, tichteby de tsjintwurdige Sintrale Merk. De tsjerke waard yn 1781 boud en iepene op 5 septimber 1781. Tsien jier letter baarnde op 27 desimber 1791 de tsjerke ôf nei't it bouwurk troch de bliksem rekke wie. Op itselde plak waard yn 1795 begûn mei de bou fan in nije Bertetsjerke, dy't fan de Hillige Synoade yn 1822 in katedrale status krige.
Troch de taname fan 'e befolking karde de tsaar yn 1854 in ûntwerp foar in nije stiennen tsjerke goed, dy't op it plak fan 'e yntusken boufallige foargonger kaam. De bou hjirfan fûn yn 'e jierren 1854-1860 plak neffens in ûntwerp fan 'e ferneamde arsjitekt Konstantin Thon. De katedraal toant oerienkomsten mei oare ûtnwerpen fan 'e arsjitekt, lykas de Moskouse Kristus de Ferlosserkatedraal, de foar it Semenov-rezjimint boude (en yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen) Vvedenksitsjerke yn Sint-Petersburch en de (ek net mear besteande) Hillige Geastkatedraal fan Petrozavodsk. It projekt fan Thon waard útfierd troch de arsjitekt A. Kûtepov.
De katedraal waard yn 1937 yn opdracht fan 'e ateïstyske autoriteiten sletten. By de katedraal waard in dieretún oanlein en de katedraal sels waard brûkt foar opslach. In pear jier letter waarden de heechste ferdjippings fan 'e klokketoer sloopt. Yn 'e tiid fan 'e de Dútske besetting fan Rostov waard de katedraal wer iepene en neitiid net mear sletten. Yn 1950 folge in restauraasje fan 'e dekoraasjes en de âlde fresko's fan 'e tsjerke.
Mei de fiering fan it 250-jierrich jubileum fan 'e stêd Rostov waard yn 1999 de klokketoer wer yn de oarspronklike steat werom brocht.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn Russysk-byzantynske styl boude katedraal wurdt bekroand mei fiif koepels en hat de foarm fan in krús. Yn 'e katedraal stiet in opmerklike ikonostaze, dy't de foarm fan in kapel hat.
By de tsjerke steane de lytsere Jehannes de Dopertsjerke, de klokketoer mei de doopkapel fan Sint-Nikolaas, in printerij, in edukatyf sintrum en in tal oare gebouwen fan it bisdom.
Klokketoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1875 en 1887 waard mei finansjele help fan hannelsju en filantropen de 75 meter hege klokketoer boud yn 'e styl fan it klassisisme en de renêssânse. Om't men bang wie dat de klokketoer troch de Dútske oanfallers as referinsjepunt brûkt wurde koe foar artillery en fleantugen, waarden yn july 1942 op grûn fan in beslút fan it Regionale Komitee fan 'e KPSU de twa boppeste ferdjippings opblaasd. Yn 1949 waard ek de twadde ferdjipping fan 'e toer sloopt.
De rekonstruksje fan 'e toer folge yn 1999. Ek krige de toer wer nije klokken. De nije klokken drage tsjintwurdich de nammen fan hilligen, wylst de foargongers de nammen fan bestjoerders droegen. Ek ferskillen de nije klokken mei de âlde yn gewicht. De grutste klok is ferneamd nei Panteleimon de Genêzer en hat in gewicht fan 4.000 kg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Рождества Пресвятой Богородицы (Ростов-на-Дону)
|