Springe nei ynhâld

Rombertus fan Uylenburgh

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rombout fan Ulenburgh)

Rombertus van Uylenburgh of Rombout van Uylenborgh (Burgum, 1554(?) - Ljouwert, 4 juny 1624) is benammen bekend as de heit fan Saskia van Uylenburgh, de frou fan Rembrandt. Rombertus wie troud mei Siuckien Ulckedr Aessinga (of Sjoukje Osinga) en hie nei alle gedachten trije soannen en fiif dochters: (Jeltsje, Romke, Ulke, Antsje, Tytsje, Edzert, Hiskje en Saakje). Rombertus hearde by de oprjochters van de Universiteit fan Frjentsjer yn 1585. Syn broer (?) Gerrit, dy't as minnist nei Poalen útwykt wie en yn Krakow keninklike meubelmakker waard, wie de heit fan de keunsthanneler Hendrick van Uylenburgh.

Rombertus studearre rjochten yn Leuven of yn Heidelberg en promovearre yn it jier 1578. Yn ditselde jier waard hy abbekaat yn Ljouwert. Syn karriêre wie in oangeande opgeande line wêr't hy yn pensjonaris en boargemaster fan Ljouwert wie. Fierders waard hy yn 1584 as ôffurdige nei de steaten fan Fryslân keazen en ien fan de Fryske ôfgesanten yn De Haach. Omdat der per gewest stimd waard, makke it oantal ôffurdigen net folle út. Rombertus van Uylenburgh wie op de dei fan de moard op prins Willem fan Oranje - 10 july 1584 - oanwêzich yn Delft om besprekkings mei de prins oer swierrichheden yn de Fryske Steaten. Rombertus, frijwat ferlegen, waard útnûge foar it middeismiel, omdat der gjin oare gasten wiene. Nei ôfrin stommelde Willem van Oranje de trap ôf en waard mei in buks fermoarde troch Balthasar Gerards. Cornelis van Aerssen - neffens Uylenburgh net oanwêzich - notearde de lêste wurden fan de prins.

Oant 1591 wie Uylenburgh lânsabbekaat, mar waard twongen - fanwege ferminging fan funksjes - dy post op te jaan. Yn syn fierdere rjochtskarriêre brocht hy it ta riedshear oan it Hof fan Fryslân. Yn 1595 kocht hy in hûs op de Ossekop, wêr't Saskia berne waard. It pand wurdt no brûkt troch de abbekaten Wim en Hans Anker. Van Uylenburgh hie twa pleaten, ien yn Ryptsjerk, de oare yn Gaasterlân. Twa soanen waarden abbekaat, in skoansoan wie de Poalske professor yn de teology Johannes Maccovius, de oare Gerrit van Loo, gemeentesekretaris yn It Bilt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Graaff, A. & M. Roscam Abbing - Rembrandt voor Dummies. Addison Wesley (2006) .
  • Geert Mak - Ooggetuigen van de vaderlandse geschiedenis. Mear as hûndert reportaazjes út Nederlân, side 70-1 (1996).