Springe nei ynhâld

Johannes Maccovius

Ut Wikipedy
Johannes Maccovius

Johannes Maccovius, ek Jan Makowsky neamd, (Lobzenica, 1588 - Frjentsjer, 24 juny, 1644) wie in Poalske herfoarme teolooch.

Nei't er ferskate universiteiten hân hie (yn 1607 yn Dantzig) en priveelearaar fan jonge Poalske ealju west wie, kaam Maccovius oan de Universiteit fan Frjentsjer yn 1613. Hy waard dêr privaat-dosint yn 1614 en professer yn de teology yn 1615. Yn letter jierren luts Maccovius syn ferneamdens in soad studinten út Dútslân en East-Jeropa nei Frjentsjer.

Maccovius wie in kalvinist, fan de supralapsaryske skoalle, en ponearre tezes mei in kontroversjeel karakter, dy't yn 1616 troch ien fan syn learlingen ferdigene waard. It brocht him yn in kontroverse mei syn kollega Sibrandus Lubbertus, mar dat waard bylein by de Synoade fan Dordrecht yn 1619. De synoade spruts him frij fan ketterij, mar joech gjin oardiel oer syn supralapsarisme en advisearre him om hoedener en freedsumer te hanneljen. (Earder hy er ek al spul hân mei de klassis Frjentsjer).

Maccovius' opfettings oer de Hillige Skrift wiene nochal frijsinnich; hy makke in dúdlik ûnderskied tusken wittenskip en it leauwe yn ferlossing.

Hy hat trije kear troud west; syn earste wiif wie Antje van Uylenburgh, in suster fan Saakje fan Uylenburg. (Yn 1634, doe't Rembrandt Saakje troude, holp hja har sweager nei it ferstjerren fan syn frou.)

Wichtichste wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Collegia theologica. Amsterdam, 1623.
  • Maccovius redivivus sive manuscripta euis typis exscripta. Frjentsjer, 1647, postúm publissearre.
  • Loci communes theologici. Frjentsjer, 1650.
  • A. Kuyper, Jr., Johannes Maccovius, Leien, 1899.
  • E. L. Briemoet, Athenarum Frisiacarum libri, siden 151-160, Ljouwert, 1758.
  • J. Heringa Ez, yn Archief voor Kerkelijke Geschiedenis, 1831, siden 503-564.
  • W. B. S. Boeles, Frieslands Hoogeschool en het Rijks Athenarum te Franeker, siden 90-94, Ljouwert, 1889.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: