Riemkje Pitstra

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Riemkje Hoogland-Pitstra)
Riemkje Pitstra

Riemkje Pitstra, (Noardwyk, 6 maaie 1944) is in Fryske skriuwster.

Se groeide op yn Surhústerfean, nei de middelbere skoalle gie se nei de roomske kweekskoalle yn Stienwyk. Dêrnei krige se in beneaming oan in twatalige skoalle yn Sint Nyk. Se lei har ta op it skriuwen fan lesmateriaal foar twatalige skoallen. Se die dat by de ûnderwiisbegeliedingstsjinst yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Boppedat folge se in kursus pedagogyk yn Grins. Dêrnei begûn se mei de stúdzje Frysk; yn 1988 slagge se foar de twadde-graads akte. Pitstra kaam te wurkjen by it GCO (Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Fryslân, no Cedin) te Ljouwert.

Skriuwster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat se as skriuwster fan berneboeken bekend waard, makke se al jierren teksten foar de Fryske skoalleradio en letter ek foar de telefyzje. Se skreau ûnder oaren ferhaaltsjes foar 'Marten de Mûs, in telefyzjesearje foar lytse bern. Yn de mande mei Anny de Jong, Jan Schotanus en Janny Vledder-van der Knoop wurke Riemkje Pitstra oan de ‘Op reis-rige’, in nije Fryske lês'rige. Dêrneist skreau se ferskate Fryske berneboeken.

Tomke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se wurke boppedat mei oan it Fryske lêsbefoarderingsprojekt Tomke. Dat lesmateriaal wurdt makke yn de mande mei de Afûk en Omrop Fryslân. Alle jierren ferskynt der in boekje plus in cd, mei ferhaaltsjes, ferskes, taalspultsjes en rymkes, dat ferspraat wurdt ûnder alle pjutteboartersplakken yn Fryslân. Riemkje soarget mei Auck Peanstra foar de teksten fan de ferhaaltsjes yn de boekjes en op de byhearrende cd, dy’t om in beskaat tema hinne skreaun wurde. Omrop Fryslân stjoert de bewurke ferhaaltsjes út.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1987 : In liuw yn ’e trein
  • 1987 : De binde fan wite Harm
  • 1989 : Wiger en Maaike : ferhaaltsjes mei flanelplaten foar pjutteboartersplakken
  • 1990 : Dêr is Marten…
  • 1991 : Mentha Minnema en it keldermystearje
  • 1992 : Poef de boef
  • 1994 : Poef wol in jas
  • 1995 : De fersierde krystbeam (meiwurke oan)
  • 1995 : Grutte Giele & Lytse Loer (Hollânske oersetting yn 1995: Gele Gijs en Lange Loeres)
  • 1995 : Mentha Minnema en it keldermysterie (oersetting)
  • 1996 : De bisteboat
  • 1997 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Jan Schotanus)
  • 1997 : Mentha Minnema en it wettermystearje
  • 1997 : Mentha Minnema en het fuikenmysterie (oersetting: Mentha Minnema en it wettermystearje)
  • 1998 : Jord wint in priis (oersetting fan: Jord wint een prijs - 1997)
  • 1999 : Ikke
  • 2000 : Tomke, Romke en de Boekebear op ûntdekkingsreis
  • 2001 : Tomke Romke en harren nije freondinne Kornelia de kangoeroe
  • 2001 : Poef en de wyn
  • 2002 : Tomke, Romke en Kornelia achter it muzyk oan!
  • 2003 : Tomke, Romke en Kornelia skilderje mei kleur
  • 2003 : Tomke : winterboek
  • 2003 : Tomke : in pot fol ferhalen
  • 2004 : Tomke, Romke en Kornelia nei de dokter
  • 2005 : Kikkerts fange mei Tomke
  • 2006 : Kom yn myn hûske (Tomke-boekje 2006)
  • 2006 : Tomke yn ’e bistetún (Lês- en lústerboek)
  • 2007 : Gefaarlik spul foar Mentha Minnema: audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei Anny de Jong en Jan Schotanus)
  • 2008 : Mentha Minnema en it keldermysterie: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
  • 2008 : Mentha Minnema en it wettermystearje: audioboek, foarlêzen troch de skriuwer
  • 2008 : Tomke nei skoalle
  • 2008 : Tomke jierboek (mei Auck Peanstra, ferskes: Geartsje Douma)
  • 2008 : Tomke en Romke : earst dit... dan dat (mei Auck Peanstra, ferskes: Geartsje Douma)
  • 2009 : Tomke fakânsjeboek (mei Auck Peanstra e.o.)
  • 2009 : Dêr is Marten wer
  • 2010 : Tomke en Romke yn it ferkear (mei Auck Peanstra)
  • 2010 : Tomke, boartsje yn 't bad
  • 2010 : Tomke ferkearsboek (mei Auck Peanstra)
  • 2011 : Tomke foarlêsferhaaltsjes (mei Auck Peanstra)
  • 2012 : Tomke : dikke tút foar Romke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: