Reagers
| Reagers | ||
| ielreager | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | pilekaaneftigen (Pelecaniformes) | |
| famylje: | reagerfûgels (Ardeidae) | |
| skaai | reagers (Ardea) | |
| Linnaeus, 1758 | ||
Reagers (Ardea) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) út it skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes).
Ardea is Latyn foar reager. Oer it generaal binne it grutte fûgels mei lange poaten en in lange nekke. Se binne faak in stik grutter as de soarten út it skaai Egretta. Typysk foar Ardea is dat se mei in ynlutsen nekke fleane. Dat ûnderskiedt de soarte fan earrebarren of kraanfûgels, dy't yn 'e flecht in rjochte nekke ha.
De snaffels binne krêftich ûntwikkele en dolkfoarmich, dy't goed oanpast binne om fisken, amfybiën of lytse sûchdieren te fangen. De nekke hat in oanpaste wringe, dy't it de fûgel mooglik makket om hiel rap út te heljen as se in proai sjogge. De fûgels komme meast yn en by ûndjip wetter foar, sawol sâlt as swiet, dêr't se ûnferweechlik seane te wachtsjen as in proai foarby komt.
It nêst wurdt faak heech yn beammen fan tûken boud. In soad soarten briede yn koloanjes.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai telt 16 soarten.
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status |
|---|---|---|---|---|
| ielreager | Ardea cinerea | Jeropa, Afrika, Aazje[1] | net bedrige | |
| grutte blauwe reager | Ardea herodias | Noard-Amearika, Midden-Amearika[2] | net bedrige | |
| sokoireager | Ardea cocoi | Súd-Amearika[3] | net bedrige | |
| wythalsreager | Ardea pacifica | Austraalje, Nij-Guinea, eastlik Yndoneezje[4] | net bedrige | |
| swartkopreager | Ardea melanocephala | Afrika besuden de Sahara[5] | net bedrige | |
| Madagaskarreager | Ardea humbloti | Madagaskar, Komoaren[6] | bedrige | |
| wytbúkreager | Ardea insignis | Himalaya (Bûtan, Yndia, Birma)[7] | krityk | |
| roetreager | Ardea sumatrana | Súd-Aazje, Súdeast-Aazje, Nij-Guineä, noardlik Austraalje[8] | net bedrige | |
| reuzereager | Ardea goliath | Afrika, Midden-Easten[9] | net bedrige | |
| reade reager | Ardea purpurea | Afrika, Jeropa, Aazje[10] | net bedrige | |
| grutte wite reager | Ardea alba | Yn tropyske en tuskenbeide gebieten oer de hiele wrâld[11] | net bedrige | |
| middelste wite reager | Ardea intermedia | Súdeast-Aazje, Austraalje[12] | net bedrige | |
| wite plúmreager | Ardea plumifera | Austraalje, Nij-Guineä, eastlik Yndoneezje[13] | net bedrige | |
| gielsnaffelreager | Ardea brachyrhyncha | Afrika[14] | net bedrige | |
| feereager | Ardea ibis | Afrika, Jeropa, Súd-Amearika, Noard-Amearika, West-Aazje[15] | net bedrige | |
| Easterske feereager | Ardea coromandus | Súd-Aazje, East-Aazje, Austraalje[16] | net bedrige |
