Sompereager
| Sompereager | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Sompereager yn briedkleed | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ardeola ralloides | ||||||||||||
| Scopoli, 1769 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De sompereager, ek brune reager (Ardeola ralloides), is in fûgel út de famylje fan 'e reagerfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sompereager is in lytse, knobske reager dy't bekend stiet om syn opfallende feroaring as er de loft yn giet. Op 'e grûn sjocht de fûgel der brúngielich út, mar yn 'e flecht is de fûgel foar in grut part wyt. It is in lytse reagersoarte fan likernôch 42 oant 47 sm lang. De fûgel hat in koarte, tsjokke nekke en in stevige snaffel. Yn 'e rêst is er oer it generaal striekleurich oant ljochtbrún. De mantel is brún en de nekke is by net-briedende fûgels donker streke. As de fûgel de wjukken nimt falle de sniewite wjukken, sturt en stút op, itjinge kontrastearet mei it brune lichem.
Yn 'e briedttid kriget de fûgel lange giel mei swarte sierfearren op 'e kop dy't oer de rêch hingje. De rêch wurdt mear goudbrún en de snaffel wurdt blau mei in swarte punt. De poaten kinne yn 'e peartiid foar in koart skoft fel read wurde. Nei de briedtiid wurde de fearren wer doffer, de sierfearren koarter en de snaffelbasis meast gielich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn 'e súdlike helte fan Europa, it Midden-Easten en grutte dielen fan Afrika. Yn Europa libbet de fûgel yn Spanje, Súd-Frankryk, Itaalje en de Balkan en om 'e Swarte- en Kaspyske See. Yn Nederlân is de fûgel in seldsume gast. Alhoewol't de fûgel oant likernôch 1880 yn Nederlân briede, wurdt er hjoed-de-dei allinnich noch yn lytse oantallen as dwaalgast sjoen. De measte waarnimmingen binne yn 'e maitiid en simmer as guon fûgels by it lûken te fier nei it noarden trochfleane. Bekende plakken yn Fryslân dêr't de sompereager wolris opdûkt binne bygelyks de Lauwersmar en de polders fan Súdwest-Fryslân.
De fûgel hâldt fan rêstige swietwettergebieten mei in soad begroeiïng, lykas sompen, rivierdelta's en marren mei reid en strûken.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sompereagers binne skrutene fûgels, dy't tusken it reid goed yn 'e omjouwing opgeane. It briedseizoen rint yn Europa fan april oant july. Syn nêst is in platfoarm fan tûken en reid yn lege beammen, strûken of ticht reid, faak flak boppe it wetter. It wyfke leit meastentiids 4 oant 6 eieren (yn Afrika faak minder, sa'n 2 oant 3). De aaien binne ljocht grienblau fan kleur en net glânzjend. Beide âlden briede op 'e aaien en de piken kommen nei 22 oant 24 dagen út. Al nei twa wiken ferlitte de jongen it nêst om op tûken yn 'e omjouwing te klauterjen, mar se fleane pas nei likernôch 45 dagen.
De noardlike populaasje fan Europa en West-Aazje binne trekfûgel.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de fûgel de status fan net bedrige (Least Concern, 2018). Yn guon gebieten nimme de oantallen ôf troch habitatferlies as gefolch fan it drûchlizzen fan sompen. Yn Europa binne de briedpopulaasjes fragmintearre. De grutste populaasjes sitte yn it easten (Ruslân, Turkije, Roemeenje), mar ek dêr is in delgong waarnommen. Yn it Soanje, Frankryk en Itaalje binne troch goede beskerming fan 'e natuergebieten de oantallen wer tanommen en de soarte wreidet syn ferspriedingsgebiet stadichoan nei it noarden ta út. De Europeeske populaasje wurdt tusken 14.300 oant 26.800 pearkes rûsd. [1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Sompereager
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda

