Ramallah
Ramallah رام الله | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 27.460 (2007) | |
Oerflak | 16,3 km² | |
Befolkingstichtens | / km² | |
Polityk | ||
Lân | Israel Palestynske Autoriteit | |
Oar | ||
Stifting | 16e iuw | |
Webside | www.ramallah.ps |
Ramallah, ek wol Ramalla (Arabysk foar 'hichte fan God'), is in Palestynke stêd op de Westlike Jordaanouwer. It plak leit sa'n 15 kilometer noardwestlik fan Jeruzalem. Seis kilometer besuden Ramallah leit de Palestynske stêd Abu Qash.
Ramallah wie oarspronklik in kristlike stêd, mar no is in grutste part fan de befolking moslim, mei noch wol in sterke kristenminderheid.
Nije skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens de Oslo-akkoarden tusken Israel en de PLO soe de stêd yn de fan de Palestynske Autoriteit bestjoerde A-gebieten komme te lizzen. Ein 1995 waard it bestjoer fan de stêd troch Israel oerdroegen oan de Palestynske Autoriteit (PA). De PA hat yn Ramallah har haadkertier, sa as it presidintsterrein, de Mukataa, en de Palestynske Wetjouwende Ried, it Palestynske parlemint. Op de Mukata leit ek it grêf fan Yasser Arafat. Neist dat yn Ramallah hat de PA ek in bestjoerssintrum yn Gaza-stêd.
De Israelyske Westouwerbarriêre dy't Israel bout skiedet Ramallah fan Jeruzalem, dêr't de ekonomy en befolking fanâlds sterke bannen hat.
Berne yn Ramallah[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Hanan Ashrawi (8 oktober 1946), politika en taalkundige
Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ramallah fan Wikimedia Commons. |