Springe nei ynhâld

Ptoaze (boarsten)

Ut Wikipedy
Ptoaze.

Ptoaze (Latyn: ptosis) is de medyske term foar wat yn 'e folksmûle hingelboarsten of hingboarsten neamd wurde, en kin omskreaun wurde as it ferslopjen en ôfhingjen fan 'e boarsten by froulju. Boarstptoaze is in natuerlik gefolch fan it ferâlderingsproses yn kombinaasje mei de effekten fan 'e swiertekrêft. Hoe fluch oft de boarsten begjinne ôf te hingjen, ferskilt fan persoan ta persoan. Guon froulju mei grutte natuerlike boarsten hawwe al yn harren tinerjierren hingelboarsten, wylst oaren, dy't lytse oant tige lytse boarsten hawwe, se nea krije. Relevante faktoaren binne fierders it al of net smoken fan sigaretten, it tal kearen dat de oangeande frou swier west hat, har lichemsgewicht en it foarkommen fan grutte skommelings yn it lichemsgewicht.

Nei de menopauze kin boarstptoaze ynienen flugger gean trochdat de hûd minder elastysk wurdt. Oars as dat faak tocht wurdt, liedt it jaan fan boarstfieding krekt net ta in flugger gean fan boarstptoaze. It dragen fan in beha hâldt it ferslopjen en ôfhingjen fan 'e boarsten net tsjin, mar kin wol fersteviging jaan, sadat de rêchspieren minder belêste wurde. Plastysk sjirurgen bepale de mjitte fan ptoaze op grûn fan 'e posysje fan 'e spien yn ferliking mei de ynframammêre ploai, de hûdtear ûnder it boarst. By earnstige ptoaze befynt de spien him fier ûnder de ynframammêre ploai en wiist er nei ûnderen ta. As de spien sels net leger leit as de ynframmêre ploai, mar it meastepart fan it boarstweefsel wol, dan is der sprake fan pseudoptoaze.

Om te bepalen oft men al of net hingelboarsten hat, wurdt gauris de saneamde potleadtest dien, dy't betocht is troch de Amerikaanske kollumniste Ann Landers. Dêrby stoppet men in potlead mei de úteinen nei de beide siden fan it lichem wizend yn 'e ynframammêre ploai (ûnder it boarst). As it potlead dêr sitten bliuwt as men him loslit, hat men hingelboarsten, mar falt er op 'e flier, dan is dat net it gefal. Hjirby moat oantekene wurde dat dit gjin wittenskiplike test is en dat it alhiel net oerienkomt mei de wize dy't genêskundigen brûke om boarstptoaze fêst te stellen. By iere of swiere ptoaze kieze guon froulju derfoar om in operaasje te ûndergean wêrby't de boarsten fannijs har oarspronklike foarm krije: in mastopleksy of 'boarstlift'. Dêrby wurdt gauris wat ûnderhûdsk weefsel fuorthelle. Yngripender foarmen fan sjirurgy dy't tapast wurde kinne by ptoaze, binne in boarstferlytsing, wêrby't ek hûdweefsel fuorthelle wurdt, en in boarstfergrutting, wêrby't in ymplantaat ynbrocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.