Provinsjale Steaten fan Fryslân
Dizze side giet oer de Provinsjale Steaten fan Fryslân, sjoch foar it haadartikel oer de Provinsjale Steaten: Provinsjale Steaten.
De Provinsjale Steaten fan Fryslân foarmje de folksfertsjintwurdigers fan de provinsje Fryslân. Dy folksfertsjinwurdiging is fêstige in it Provinsjehûs yn Ljouwert. Ek de oare provinsjes fan Nederlân hawwe sa’n folksried.
De haadtaak fan de Steaten is it kontrolearjen fan de Deputearre Steaten fan Fryslân, dy't it deistich bestjoer fan de provinsje yn hannen hawwe.
De foarsitter fan de Steaten is de Kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Sûnt 1 maart 2017 is dat Arno Brok.
Sitferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de Steaten-ferkiezings fan 2007 wienen der 55 sitten te ferdielen yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Sûnt dat jier is dat werom brocht ta 43 sitten.
De lêste ferkiezings wiene op 15 maart 2023. De sitferdieling fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân sjocht der sûnt 1991 sa út:
Partij | 1991 | 1995 | 1999 | 2003 | 2007 | 2011 | 2015 | 2019 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
BBB | 14 | ||||||||
PvdA | 16 | 14 | 14 | 15 | 12 | 11 | 7 | 6 | 5 |
CDA | 19 | 18 | 18 | 16 | 12 | 8 | 9 | 8 | 4 |
FNP | 3 | 3 | 4 | 7 | 5 | 4 | 4 | 4 | 4 |
VVD | 6 | 10 | 9 | 6 | 5 | 6 | 5 | 4 | 3 |
GrienLinks | 2 | 2 | 5 | 3 | 2 | 2 | 1 | 3 | 3 |
KristenUny | 3 | 3 | 3 | 3 | 2 | ||||
PVV | 4 | 4 | 3 | 2 | |||||
SP | 0 | 2 | 4 | 3 | 5 | 2 | 1 | ||
D66 | 6 | 3 | 1 | 1 | 0 | 2 | 3 | 2 | 1 |
Partij foar de Dieren | 0 | 1 | 1 | 1 | |||||
FVD | 6 | 1 | |||||||
Provinsjaal Belang Fryslân | 1 | 1 | 1 | 0 | 0 | 1 | |||
JA21 | 1 | ||||||||
50+ | 0 | 1 | 1 | 0 | |||||
CU/SGP | 3 | ||||||||
LPF | 1 | ||||||||
SGP/RPF | 2 | 2 | 2 | ||||||
GPV | 1 | 1 | 1 | ||||||
AOV | 1 | ||||||||
Totaal | 55 | 55 | 55 | 55 | 43 | 43 | 43 | 43 | 43 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Steaten fan Fryslân oant 1795
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De webstee fan de provinsje Fryslân.
- Resultaten ferkiezings fan 7 maart 2007
- Resultaten ferkiezings fan 2 maart 2011
- Resultaten ferkiezings fan 18 maart 2015
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Provinsjale Steaten fan Fryslân fan Wikimedia Commons. |