Springe nei ynhâld

Provinsjaal Belang Fryslân

Ut Wikipedy
Provinsjaal Belang Fryslân
Provinciaal Belang Fryslân
OfkoartingPBF
PartijliederSandra de Jong
PartijfoarsitterHerre Hof
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Oprjochte23 maaie 1992
RjochtingMidden
Ideologyregionalisme
Websteewww.pbf.frl

It Provinsjaal Belang Fryslân (PBF) (offisjeel Nederlânsk: Provinciaal Belang Fryslân), oant 10 july 2001: Federaasje Gemeentebelangen Fryslân (FGF), offisjeel Federatie Gemeentebelangen Fryslân en oant 23 novimber 2010: Gemeentebelangen Fryslân (GF), offisjeel Gemeentebelangen Friesland, is in provinsjale partij, dy't bestiet út in ferbûn fan in stikmannich ûnderskate gemeentlike partijen.

De partij waard oprjochte op 23 maaie 1992. De FGF die foar it earst mei oan de provinsjale ferkiezings yn 1995 en helle doe mei 2,4% prosint fan de stimmen ien sit yn de Provinsjale Steaten. Dat foel ôf; troch it súkses fan de pleatslike gemeentebelangepartijen waard der op mear rekkene. Yn 1995 waard der noch hoopt dat it it begjin foarmje soe fan in stadige opgong, mar dat wie sa net. Yn 1999 helle de partij 2,1% fan de stimmen en krige dêrmei op 'e nij ien sit. En ek yn 2003, doe't de partij ûnderwilens syn namme ynkoarte hie en as Gemeentebelangen Fryslân (ôfkoarte ta GF, mar bytiden ek ta GBF) troch it libben gie, waard der mei 1,9% fan de stimmen mar ien sit helle. By de Steateferkiezings fan 2007 mei 1,4% fan de stimmen ferlearen se dy iene sit. Ek yn 2011 en 2019 helle de partij te min stimmen, yn 2015 die de partij net mei. By de Steateferkiezings 2023 helle de partij wer genôch stimmen foar in Steatesit, en dêrnei is de partij dêr fannijs yn fertsjintwurdige.

Dielnimmende partijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende gemeentlike partijen dogge mei oan Provinsjaal Belang Fryslân:[1]

GemeentePartij
It AmelânAlgemeen Belang Ameland
DantumadielGemeentebelangen Dantumadiel
HarnsHarlinger Belang
It HearrenfeanHeerenveen Lokaal
Noardeast-FryslânGemeentebelangen Noardeast-Fryslân
EaststellingwerfLokaal Sociaal Ooststellingwerf
Ooststellingwerfs Belang
SmellingerlânEerste Lokale Partij (ELP)
Smallingerlands Belang
Súdwest-FryslânGemeente Belangen Totaal Lokaal (GB-TL)
De WaadhoekeGemeentebelangen
WeststellingwerfBlijf Stellingwarfs

De partij hat bij ferskate verkiezingen de folgjende tallen sitten helle:[2]

Jaar Stemmen % Zetels
1995 6.5172,44%1 / 55
1999 5.2672,07%1 / 55
2003 5.2701,89%1 / 55
2007 3.7301,41%0 / 43
2011 3.5581,20%0 / 43
2015 ---
2019 5.3451,79%0 / 43
2023 6.8912,03%1 / 43

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aangesloten partijen, Provinciaal Belang Fryslân. Oproppen op 20 maaie 2023.
  2. Databank Verkiezingsuitslagen, Kiesried. Oproppen op 20 maaie 2023.