Pribilofeilannen
Pribilofeilannen | ||
Lokaasje fan 'e Pribilofeilannen yn Alaska. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilannegroep | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
borough | Unorganized Borough | |
haadplak | gjint | |
grutste plak | St. Paul | |
sifers | ||
ynwennertal | 581 (2010) | |
oerflak | 194,4 km² | |
befolkingstichtens | 3,0 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –10 | |
simmertiid | UTC –9 | |
koördinaten | 56°50′ N 170°00′ W |
De Pribilofeilannen (Ingelsk: Pribilof Islands), foarhinne bekend as de Noardlike Pelsrobbe-eilannen (Ingelsk: Northern Fur Seal Islands) binne in arsjipel fan fjouwer fulkanyske eilannen yn 'e midden fan 'e Beringsee. Se hearre bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Alaska. De beide grutste eilannen binne St. Paul en St. George. De Pribilofeilannen wiene fan oarsprong ûnbewenne, mar oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw twongen de Russyske autoriteiten, fan wat doe de koloanje Russysk-Amearika wie, etnyske Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel om har op 'e Pribilofeilannen nei wenjen te setten.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pribilofeilannen lizze yn 'e súdlike Beringsee, likernôch 320 km noardnoardwestlik fan Dutch Harbor op it eilân Unalaska, dat diel útmakket fan 'e Aleoeten, en ek op sa'n 320 km ôfstân fan Kaap Newenham, oan 'e súdwestlik kust fan it fêstelân fan Alaska. De kust fan it Sibearyske Tsjûkotka-skiereilân, dat ûnderdiel foarmet fan Ruslân, leit rûchwei 800 km nei it noardwesten. De Pribilofeilannen falle binnen it Beringseediel fan it Maritym Nasjonaal Faunareservaat fan Alaska.
De wichtichste eilannen fan 'e arsjipel binne St. Paul en St. George. St. Paul leit likernôch 65 km noardwestliker as St. George. De oare eilannen fan 'e groep, te witten de beide ûnbewenne eilantsjes Ottereilân en Walruseilân, lizze yn 'e neite fan St. Paul. Yn totaal hawwe de Pribilofeilannen in oerflak fan 194,4 km². It lânskip bestiet fierhinne út rotsen en toendra. St. Paul en St. George beskikke beide oer in lyts fleanfjild.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e Aleoeten waarden de Pribilofeilannen yn 'e prehistoaryske perioade út en troch besocht foar de jacht. Nettsjinsteande dat binne der op 'e eilannen gjin argeologyske fynsten dien dy't wize op minsklike besetting fan lykfol hokker foarm, ear't Russyske pelsjagers yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw yn 'e krite fan 'e Beringsee ferskynden.
Omtrint 1780 waarden de Russen harren bewust fan 'e seizoensbûne migraasje fan 'e noardlike pelsrob. Se swommen by 't maityd noardoan troch de Aleoeten en kearden hjerstmis werom mei jongen. It ûnbekende noardlike fuortplantingsplak fan 'e seehûnen waard troch de Russen lykwols omdôch nei socht, oant Gavriïl Pribylov yn 1786 nei it noarden sylde en in groepke lytse eilannen yn 'e súdlike Beringsee ûntdiek. Doe't Pribylov der arrivearre, waarden de rotsige strannen fan 'e eilannen beset troch mear as fjouwer miljoen pelsrobben, en de eilannen kamen sadwaande yn 't earstoan bekend te stean as de Noardlike Pelsrobbe-eilannen. Letter waarden se nei de ûntdekker ferneamd.
De Pribilofeilannen kamen mei de rest fan Alaska ta de koloanje Russysk-Amearika te hearren. Yn 'e 1820-er jierren twong de Russysk-Amerikaanske Kompanjy, dy't doedestiden it monopoalje op 'e hannel yn 'e koloanje hie, in grutte groep etnysk Aleoetyske famyljes om twa ôfhandige eilannegroepkes te kolonisearjen, te witten de Kommandeurseilannen, dy't tsjintwurdich ûnderdiel foarmje fan it Russyske territoarium Kamtsjatka, en de Pribilofeilannen. Op 'e Pribilofeilannen moasten de nije bewenners as pelsjagers oan it wurk foar de Kompanjy.
Nei't Alaska yn 1867 mei de Oankeap fan Alaska oergien wie yn 'e hannen fan 'e Feriene Steaten, waarden de Pribilofeilannen fan 1870 oant 1890 troch de Amerikaanske oerheid ferpachte oan 'e Alaskaanske Kommersjele Kompanjy (ACC), dy't de jacht op 'e pelsrobben fuortsette. Fan 1890 oant 1910 wie it monopoalje op 'e jacht op pelsrobben op 'e Pribilofeilannen yn 'e hannen fan 'e Noardamerikaanske Kommersjele Kompanjy (NACC). Yn dy snuorje rekke de pelsrobbejacht op 'e eilannen lykwols yn it neigean om't men de bisten doe ek op 'e iepen see begûn te bejeien.
Yn 1911 waard tusken de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk (foar Kanada), Ruslân en Japan de Noardpasifyske Pelsrobbekonvinsje sletten, wêrmei't de jacht op 'e noardlike pelsrob oan bannen lein waard. Yn 1913 die natoerûndersiker en paleöntolooch Roy Chapman Andrews de Pribilofeilannen oan. De films dy't hy oer de noardlike pelsrob makke, soargen derfoar dat der fierdergeande maatregels kamen om 'e bisten te beskermjen. Yn 1966 waard de jacht op pelsrobben op 'e Pribilofeilannen hielendal ferbean doe't de Fur Seal Act fan krêft waard. De iennichste útsûndering waard makke foar jacht as besteansmiddel troch de Aleoetyske bewenners fan 'e eilannen.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't in diel fan 'e Aleoetenarsjipel beset waard troch de Japanners, waarden de bewenners fan 'e Pribilofeilannen evakuëarre nei it fêstelân fan Alaska. Dêr waarden se yn ynternearringskampen pleatst, dêr't de tastannen sa striemin wiene, dat in protte fan harren stoaren. Mei de Wet op de Aleoetyske Skeafergoeding, dy't yn 1988 troch it Amerikaanske Kongres oannommen waard, besocht it Amerikaanske regear de oerlibbenen 43 jier nei dato foar harren leed te kompinsearjen.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pribilofeilannen hearre ta de Unorganized Borough. De Unorganized Borough beslacht in grut diel fan 'e steat Alaska, dat net by in distrikt (borough) yndield is en dêrom streekrjocht troch it steatsregear bestjoerd wurdt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pribilofeilannen hiene neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 doe 581 bewenners, wêrfan 479 op St. Paul en 102 op St. George. De befolkingstichtens bedroech dêrmei foar de hiele arsjipel 3,0 persoanen de km². Der binne twa plakken: St. Paul op St. Paul en St. George op St. George. De mienskippen binne sa lyts dat frijwol eltsenien op 'e Pribilofeilannen oaninoar besibbe is
De eilânbewenners binne etnyske Aleoeten, in folk dat besibbe is oan 'e Eskimo's. De Pribilof-Aleoeten hawwe har feriene yn 'e Aleoetyske Mienskippen fan de Pribilofeilannen St. Paul en St. George, in stamme-organisaasje dy't yn 'e Feriene Steaten federale erkenning genietet en troch de Alaska Native Claims Settlement Act fan 1971 it meastepart fan 'e grûn op 'e eilannen yn besit krigen hat.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan 'e Pribilofeilannen is yn hege mjitte ôfhinklik fan 'e jierlikse fangst fan sniekrab en fan 'e kommersjele fiskerij op Pasifyske heilbot, en fierders fan 'e jacht (as besteansmiddel) op pelsrobben. Tsjinstferliening oan 'e kommersjele fiskersfloaten op 'e Beringsee draacht wat by oan 'e pleatslike ekonomy. Ek wurkje guon eilanners foar de Amerikaanske oerheid. Sa ûnderhâldt de Amerikaanske Kustwacht in basis op St. Paul, en hawwe ek de National Weather Service (de Amerikaanske meteorologyske tsjinst) en de National Oceanic and Atmospheric Administration elts in stasjon op it eilân. Ta einbeslút is der in lytse toeristyske sektor, mei't fral fûgelspotters op 'e Pribilofeilannen ôfkomme, dêr't jiers sa'n 2 miljoen seefûgels nesselje fan mear 240 ûnderskate soarten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|