Kommandeurseilannen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kommandeurseilannen
De Kommandeurseilannen mei lofts in diel fan it grutte Kamtsjatka-skiereilân.
De Kommandeurseilannen mei lofts in diel fan
it grutte Kamtsjatka-skiereilân.
sifers
soarte gebiet eilannegroep
ynwennertal 613 (2009)
oerflak 1.846 km²
befolkingstichtens 0,3 / km²
polityk
lân Flag of Russia.svg Ruslân
territorium Flag of Kamchatka Krai.svg Kamtsjatka
distrikt Flag of Aleutsky Raion.png Aleûtsky
haadplak Nikolskoje
grutste plak Nikolskoje
oar
tiidsône UTC +12
simmertiid gjint
koördinaten 55° N 176° E
webside beringisland.ru

De Kommandeurseilannen of Komandorski-eilannen (Russysk: Командорские Острова, Komandorskije Ostrova) is in arsjipel fan kâlde, beamleaze, tinbefolke eilannen yn it Fiere Easten fan Sibearje. Se lizze in flink ein út 'e eastkust fan it grutte Kamtsjatka-skiereilân en foarmje geografysk sjoen in fuortsetting fan it eilannekeatling fan 'e Aleoeten, in arsjipel dy't ta de Amerikaanske steat Alaska heart. De Kommandeurseilannen besteane út Beringeilân, Medny en fyftjin lytsere eilantsjes. Nikolskoje, op Beringeilân, is de iennichste permanint bewenne delsetting. De befolking bestiet út etnyske Russen en Aleoeten.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kommandeurseilannen foarmje in arsjipel dy't yn 'e Stille Oseaan leit op likernôch 175 km fan 'e eastkust fan it grutte Kamtsjatka-skiereilân, dat ûnderdiel útmakket fan it fêstelân fan Sibearje. De eilannen, dy't in geologyske oarsprong hawwe as lang lyn útdôve fulkanen, foarmje eins de westlikste groep fan 'e Aleoeten, dy't fierders ta de Amerikaanske steat Alaska hearre. Tusken de Kommandeurseilannen en Attu, it westlikste eilân fan 'e (Amerikaanske) Aleoeten, sit lykwols in grut gat fan 333 km dêr't de Ynternasjonale Datumgrins trochhinne rint, sadat de Kommandeurseilannen kwa tiid krapoan in etmiel foarrinne op 'e Aleoeten. Mei de Aleoeten en it Alaska-skiereilân foarmje de Kommandeurseilannen de skieding tusken de Beringsee, yn it noarden, en de iepen Stille Oseaan, yn it suden.

It doarp Nikolskoje.

Der binne twa grutte eilannen, te witten Beringeilân (dat 95 by 15 km mjit) en Medny of Kopereilân (55 by 5 km). Dêrnjonken bestiet de arsjipel út noch fyftjin lytsere eilantsjes, wêrfan't it grutste it 15 ha grutte Toporkov is. Yn totaal beslane de Kommandeurseilannen in oerflak fan 1.846 km². It meastepart fan dat gebiet en ek fan 'e omlizzende see, yn totaal 36.488 km², bestiet út it Natoerreservaat De Kommandeurseilannen. It terrein op 'e eilannen bestiet út bergen, fulkanyske plato's en flakte mei terrassen. It heechste punt is de Stellerpiik op Beringeilân, mei in hichte fan 755 m boppe seenivo. De iennichte permaninte delsetting op 'e arsjipel is Nikolskoje op Beringeilân. Bestjoerlik foarmje de Kommandeurseilannen it distrikt Aleûtsky fan it territoarium Kamtsjatka.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kommandeurseilannen binne ferneamd nei kommandeur Vitus Bering, in Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst, dy't yn novimber 1741, op 'e weromreis fan syn Grutte Noardlike Ekspedysje nei Alaska, by de eilannen skipbrek litte, en de winter trochbringe moast op it nei him ferneamde Beringeilân. Krekt as in grut part fan syn bemanning kaam er dêr te ferstjerren. (Op syn grêf stiet no in beskieden tinkteken.)

Likernôch de helte fan Bering syn bemanning wist de winter op it eilân te oerlibjen, wat foar in diel te tankjen wie oan 'e jacht op 'e reuseftige mar warleaze Stellers seeko, en foar in diel oan 'e dokter en biolooch Georg Wilhelm Steller, dy't in grut part fan 'e seelju fan skuorbot genies troch harren te twingen en yt seewier. Se bouden neitiid fan it wrakhout fan it skip in boat, wêrmei't se yn augustus 1742 ôfsetten en letter dat jier de kust fan Kamtsjatka berikten.

De thúskomst fan 'e oerlibbenen fan Bering syn ekspedysje, dy't in grutte hoemannichste tige skoandere pelzen fan 'e see-otter meibrochten, soarge foar in grutte rin op 'e Kommandeurseilannen troch Russyske pelsjagers en pelskeaplju. De Stellers seeko, dy't om 'e midden fan 'e achttjinde iuw nei't it skynt inkeld noch foarkaam yn 'e kelpwâlden om Beringeilân hinne, wie tsjin 1768, 27 nei syn ûntdekking, troch bejaging folslein útrûge.

Yn 1825 twong de Russysk-Amerikaanske Kompanjy, dy't it doe foar it sizzen hie yn 'e koloanje Russysk-Amearika (it hjoeddeiske Alaska), etnyske Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel om 'e oant doe ta ûnbewenne Kommandeurseilannen te kolonisearjen. De bedoeling dêrfan wie dat de Aleoetyske jagers dêr foar de Kompanjy op 'e see-otters en oare pelsdieren jeie soene. De measte Aleoeten dy't har op Beringeilân nei wenjen setten, kamen fan Atka, wylst dejingen dy't Medny kolonisearren fan Attu kamen. Op Medny ûntjoech him meitiid in mingtaal fan Russysk en Aleoetysk dy't Medny-Aleoetysk neamd wurdt.

In groepke Aleoetyske jagers fan Beringeilân omtrint 1885.

Doe't Russysk-Amearika yn 1867 troch de Oankeap fan Alaska yn Amerikaanske hannen oergie, kaam de grins eastlik fan 'e Kommandeurseilannen en westlik fan 'e Aleoeten te lizzen, sadat de Kommandeurseilannen ûnderdiel fan Ruslân bleaune. Under de Twadde Wrâldoarloch waard yn 1943 de Slach by de Kommandeurseilannen op iepen see sa'n 160 km súdlik fan 'e eilannen útfochten tusken de marines fan 'e Feriene Steaten en Japan. Under de Kâlde Oarloch waarden yn 1969 alle bewenners fan Medny evakuëarre nei Beringeilân, dat dêrtroch it iennichste bewenne eilân fan 'e arsjipel waard.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 hiene de Kommandeurseilannen in befolking fan 613 minsken, dy't allegear yn it doarp Nikolskoje wennen, oan 'e noardwestkust fan Beringeilân. It doarp Prejobrajenskoje, op Medny, is sûnt 1969 ûnbewenne. De befolkingstichtens fan 'e eilannen bedroech dêrmei 0,3 persoanen de km². De eilânbewenners besteane foar likernôch 2/3 part út etnyske Russen en foar 1/3 part út etnyske Aleoeten.

It eilân Medny.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan 'e Kommandeurseilannen is benammen basearre op fiskerij, it gearfandeljen fan poddestuollen, en wurk yn 'e tsjinst fan 'e oerheid. Behalven de amtnerij fan it distrikt hat dat lêste ek te krijen mei it behear fan it natoerreservaat. It dêrmei gearhingjende ekotoerisme bringt ek wat jild yn 't laadsje. Nikolskoje hat in skoalle, in satellytstasjon en in ûnferhurde lâningsbaan foar fleantugen.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kommandeurseilannen hawwe in seeklimaat dat foar de Beringsee relatyf myld is. It reint in protte, op trochinoar 220-240 dagen yn 't jier. De simmers binne koel en steane derom bekend dat it dan op 'e eilannen gauris mistich waar is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.