Springe nei ynhâld

Piter Feddes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pieter Feddes)
Portret fan Piter Feddes troch Nicolaes van Geelkercken (1615)

Piter Feddes of Petrus Harlingensis ('Pieter fan Harns'), (Harns, ± 1586 - Ljouwert, om 1623) wie in Frysk keunstskilder en graveur fan meast portretten, gravueres, etsen en kaarten út de tiid fan de Barok.

Hy ferfear neffens Eekhoff yn 1612 nei Ljouwert. Yn de wurken fan de Fryske skiedskriuwers, Hamconius en Winsemius, komme troch him gravearre platen foar. De measte fan syn gravueres toane tafrelen út de Bibelske skiednis en wrâldskiednis. Teffens makke er portretten, ûnder oare dy fan Willem Loadewyk fan Nassau, Hero van Inthiema en Johannes Bogerman. Der binne trije kaarten fan him bekend, fan Ljouwert, Frjentsjer en Fryslân.

Hy wie befreone mei Jan Jansz. Starter, waarns Friesche lusthof (earste útjefte, 1621) er in lofdicht foar skreau. Ut in ynskrypsje ûnder dy oade ûnder in portret fan Bogerman kin opmakke wurde dat er ek keunstskilder wie (Petrus Harlingenis ad vivum pinxit; 'Piter fan Harns by libben skilder'). Der binne lykwols gjin skilderijen fan him bewarre bleaun. Johan Philip van der Kellen neamt lykwols njonken 117 gravueres ek 14 skilderijen fan syn hân, wêrfan't noch in stikmannich dêrop basearre gravueres besteane.

Piter Feddes syn wurk hat dat fan Jacob Adriaensz Backer beynfloede.[1] Feddes' namme komt nei 1622 net mear foar, dat der wurdt oannaam dat er koart dêrnei ferstoar.

Wurk fan him is yn it Frysk Museum en yn it Museum Kunstpalast fan Düsseldorf.

  • Vorenkamp, A.P.A. & A. Wassenbergh, "Pieter Feddes Harlingensis: zeventiende-eeuwsche schilderkunst in Friesland". Oud-Holland LVII (1940), s. 1-3 (661) (801).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter Feddes van Harlingen yn it RKD