Springe nei ynhâld

Jan Jans Starter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan Jansz. Starter)
Portret fan Starter yn it Pan Poeticon Batavum fan Arnoud fan Halen
Starter as dichter fan de leafdeslyryk yn Friesche lusthof (Jan van de Velde II, 1621)

Jan Jans Starter (Amsterdam, 1593 - Hongarije, septimber 1626) wie in dichter en boekferkeaper yn Ljouwert.

Starter syn âlden flechten fanwegen harren leauwe út Ingelân nei Amsterdam. Jan wie troud mei Nieske Hindriksdochter en begûn op syn 21e in boekhannel op Oer de Kelders yn Ljouwert. Hy woe wat dwaan oan it kulturele libben yn de stêd en wie in soad te finen yn it fermidden fan de hofadel.

Starter skreau syn wurk meast yn it Nederlânsk, mar hy brûkte ek Fryske stikjes en waard ynspirearre troch de Fryske skientme en histoarje; teffens skreau er minnelieten. Syn lieten wienen meast op meldij fan Ingelske en Frânske lieten, mar ek komponearre troch Jaques Vredema dy't letter ek yn Ljouwert kaam te wenjen. Gysbert Japicx is letter troch Starter beynfloede.

Yn Amsterdam wie er yn oanrekking komd mei de rederikerskeamer Egelantier. Yn 1617 rjochte er de Ljouwerter Rederikerskeamer op, in soarte begjin fan de toanieltradysje yn Fryslân. De optredens wiene yn de Westertsjerke. Hy kaam ek yn konflikt mei de oerheid.
Nei in losbannich libben mei skulden ferfear er nei Frjentsjer.

Yn de 19e iuw kaam syn wurk fannijs yn de belangstelling. Wurk fan Starter waard opnij útjûn troch Dr. J. van Vloten. Op nûmer 8 fan Oer de Kelders hinget in plakette oer Jan Janssoan Starter, makke troch byldhouwer Auke Hettema.

De Jan Jans Starterpriis is in Ljouwerter priis foar poadiumkeunsten.

  • Daraide (1618)
  • Nieuw-iaar lieden: Wthegheven by de Nederduytsche Academi (1618)
  • Timbre de Cardone (1618)
  • De Friesche Lusthof - in samling drink- brulloft- en selskipslieten (1621).
  • Sotteklucht fan in abbekaat en in boer.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]