Springe nei ynhâld

Petrus Adrianus Bergsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pieter Adrianus Bergsma)

Petrus Adrianus Bergsma (Mitselwier, 15 april 1743 - Dokkum, 14 oktober 1824) wie grytman fan Dantumadiel (1782), deputearre fan Fryslân, lid fan de Admiraliteit fan Fryslân en dykgraaf fan East-Dongeradielster Seediken. Bergsma wie in soan fan Willem Bergsma en Remelia Schik.

Petrus propagearre de bou fan tabak en sûkerei yn Fryslân. Dat mei tabak slagge net, de sûkereitylt wol (û.o. yn Dantumadiel). De drûgerij stichte er yn 1792 en soe de grutste fan it keninkryk wêze. Bergsma hie fierder in hynstefokkerij yn Dantumawâld en hy wie tsjerkefâd. Syn namme stiet op de tsjerkeklok út 1786.

Petrus Adrianus Bergsma wie bekend as útfiner fan it brûken fan sâlt foar it fee en yn it bysûnder as middel om hea te bewarjen, tsjin broeiing en skimmel, wylst it altiten de fiedingswearde fan it hea ferheget. It wie yn 1790 dat er dat foar 't earst op it aljemint brocht. De patrysjer Bergsma wie eigner fan 7 fan de 16 stimhawwende pleatsen yn Moarrewâld.

Yn Damwâld is yn 1968 de mr. P.A. Bergsmastrjitte nei him neamd.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bergsma, Petrus Adrianus.