Springe nei ynhâld

Piet Broos

Ut Wikipedy

Petrus Jozef Broos (Zevenbergen, 16 desimber 1910Weert, 9 july 1964) wie in Nederlânsk skriuwer en yllustrator fan jeugdliteratuer en striptekener. Hy publisearre ûnder ferskate skûlnammen: Peebee, Oom Piet, Peter Buskin, Peter Fragilis, Pietro, Pivanz en Piet(er) van Zevenbergen.

Pyt Broos waard op 16 desimber 1910 berne yn it Brabânske Zevenbergen. Yn 1923 gie er nei it gymnasium yn Sittard en nei syn eineksamen yn 1929 kaam er werom by syn âlden yn De Haach, dêr't er syn earste baantsje krige by de boekhannel Govers. Hy folge jûnslessen op de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach en die de skriftlike Paryske ABC tekenkursus. Yn 1940 troude Piter mei Toos Uijttenhout. Se krigen njoggen bern. Yn 1942 ferhuze de famylje nei Weert, dêr't Pyt op 9 july 1964 yn de âldens fan 53 jier stoar.

Piet Broos skreau en yllustrearre withoefolle berne- en jeugdboeken, wêrûnder printeboeken, kleurboeken, foarlêsboeken en avontoereboeken. Syn earste jongereinboeken waarden útjûn troch Utjouwerij Helmond yn 1938 - 1939 as populêre "kwartjesboeken". Utjouwerij H. Meulenhoff yn Amsterdam joech ferskate boeken út fan Piet Broos yn meardere talen as Dútsk (foar Switserlân), Sweedsk, Noarsk en Slowaaks. Utjouwer Mulder en Soan út Amsterdam publisearre ferskillende printeboeken, mei titels as Hobbeltje Langneus en Juffrouw Spits op reis. Dy waarden oerset yn it Ingelsk, Frânsk en Spaansk. Fan 1949 ôf skreau en yllustrearre Piet Broos in 18-dielige searje oer hilligelibbens, mei de titel Kleine boeken van grote heiligen. Ein fyftiger jierren ferskynden acht titels fan syn hân yn 'e 'Toverfluitserie' en trije titels yn de rige Fetse Kwik fan Utjouwerij Helmond.

Broos makke ek yllustraasjes by wurk fan oare auteurs. Sa yllustrearre er tolve dielen fan de Pietje Prik-rige, skreaun troch Lea Smulders, en de 24-dielige Bijbel voor de jeugd, fan de hân fan Alphons Timmermans. Hy wurke geregeldwei mei oan útjeften foar it katolike ûnderwiis, lykas lêsmetoaden, ierdrykskunde- en biologyboeken en bibels foar de útjouwerijen R.K.Jongensweeshuis, letter Zwijsen yn Tilburch en Malmberg yn De Bosk mei titels as De Meiboom, Luister eens!, Nieuwe keurlessen, Een nieuwe wereld, Lezen en nadenken en Kabouter Pim op verkenning door het land van de mensen.

Piet Broos skreau en tekene foar alderlei periodiken bydragen: ferskes, ferhalen, strips, nifelrubriken en cartoons. Hy wurke foar jongereinblêden as Het weekblaadje voor de Roomsche jeugd, De Engelbewaarder, Sjors, Grabbelton, Het Kinder-Kompas, Kleuterblaadje, Taptoe en wie haadredakteur fan Onze Krant. Op de achterside fan Okki ferskynde tusken 1956 en 1965 it stripferhaal Ali Baba. Ek levere er regelmjittich bydragen foar de jeugdsiden fan wykblêden, Katholieke Illustratie en Beatrijs, in wykblêd foar froulju, en de deiblêden Helmondse Courant en De Tijd. Yn de Maas- en Roerbode ferskynde yn 1946–1947 syn populêre strip De avonturen van Jan Pierewiet, dy't ek yn boekfoarm útjûn waard. Cartoons tekene er ûnder mear foar De Humorist (1933–1935), De Opmarsch (1935–1937), Katholieke Illustratie (1955–1959) en de Volkskrant (1961–1963).

Sels skreaun:

  • 1938: Regen en zonneschijn
  • 1940: Het pension van Juffrouw Egel
  • 1941: Jaap, Brom en Annemieke
  • 1942: Knoes en zijn wonderlijke avonturen
  • 1942: Zilverhoef
  • 1945: Avontuur van Keesje Holland
  • 1945: Piempampoentje, Pompernikkel en Piepeling
  • 1946: Vacantie in Klapperdorp
  • 1948: De school van Meester Brabbelaar
  • 1948: Nieuwe avonturen Klapperdorp
  • 1949: De grote reis naar Nederland
  • 1948: Juffrouw Spits op reis
  • 1949-1953: Kleine boeken van grote heiligen (18 dielen)
  • 1951: Vader leest voor
  • 1951: Brom steelt honing
  • 1952: De berg van rijstebrij
  • 1954: Maartje de Koe
  • 1956: Bartje Pompadoer
  • 1956: Van Miep en Willie
  • 1958: Dikkie Kwik
  • 1960: Met Dikkie Kwik naar China

Stripferhalen:

  • 1939: Avonturen van Knobbeltje Knop
  • 1939: Avonturen van Professor Pienterbult in de woestijn
  • 1941–1942: Tommie’s avonturen
  • 1946–1947: De avonturen van Jan Pierewiet
  • 1951–1957: Brom
  • 1956–1964: Ali Baba

Boeken mei syn yllustraasjes:

  • 1936: Het omnibus-boek voor onze kinderen (gealstalling I.C. Boone-Swartwolt en A. Hamaker-Willink)
  • 1937: Een jongen vermist (fan J. Nowee)
  • 1939: "Een vacantie in Zoutelande" fan L. Meima (Ned. Jeugdbibliotheek No. 99)
  • 1946: Geheim verzet (fan Alex Tersoest, pseudonym fan Hans K. Pennarts)
  • 1946-1949: Bijbel voor de Jeugd (24 dielen, fan Alphons Timmermans)
  • 1951: Avonturen in Lutjeputje (fan Cornelis Wilkeshuis)
  • 1952: Arendsoog knapt het op (fan J. Nowee)
  • 1955-1964: Pietje Prik-serie (12 dielen, fan Lea Smulders)

In grut part fan Piet Broos’ erfskip is te finen yn it Nederlânsk Letterkundich Museum, De Haach en de Keninklike Bibleteek yn De Haach.