Springe nei ynhâld

Petrus- en Paulustsjerke (De Helder)

Ut Wikipedy
Petrus en Paulustsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak De Helder
adres Tsjerkegrêft 55
koördinaten 52°57'N 4°45'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Petrus en Paulus
Arsjitektuer
arsjitekt H.H. Dansdorp
boujier 1840
boustyl neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21388
Webside
Marije Stjer fan 'e Seeparochy
Kaart
Petrus- en Paulustsjerke (De Helder)
Petrus- en Paulustsjerke

De Petrus-en-Paulustsjerke is in roomsk tsjerkegebou oan 'e Tsjerkegrêft yn it Noard-Hollânske plak De Helder. It gebou is in ûntwerp fan 'e wettersteatsopsichter Hermanus Hendrik Dansdorp. De tsjerke waard yn 1840 ynwijd en dêrmei is it de âldste ynwijde tsjerke fan it bisdom Haarlim.

Nei't de Us-Leaffrou fan 'e Unbesmodske Untfinzenistsjerke yn 1990 sletten waard is de Petrus en Paulustsjerke de iennige roomske tsjerke binnen de stelling fan De Helder. Mar ek de Petrus- en Paulustsjerke wurdt sletten. De tsjerke is sûnt 1975 in ryksmonumint. Dat is ek de reden dat de tsjerke noch as parochytsjerke funksjonearret. Troch jimmeroan minder tsjerkegong en weromrinnende ynkomsten wurdt ek de Petrus- en Paulustsjerke sletten, nei't earder al de oare tsjerken yn Anna Paulowna, Breezand, 't Zand en Julianadorp sletten binne (2024).

It relatyf ienfâldige ynterieur fan 'e Petrus en Paulustsjerke.

Foar 1840 hie de katolike parochy fan De Helder in lyts tsjerkegebou oan 'e Langestrjitte yn 'e Alde Helder, it yn 1944 ferneatige histoaryske sintrum fan De Helder. Dat wie in skûltsjerkje mei in ûnopfallend oansjen. Dy tsjerke waard oan it begjin fan 'e 19e iuw ferboud, mar bleau te lyts foar de gruttere wurdende parochy. Dêrfandinne waard besletten ta de bou fan in nije tsjerke. Om't de kearn fan 'e Helder mei de oanlis fan 'e havens nei it easten ferhûze, waard besletten ek dêr de nije tsjerke te bouwen. Dat wie oan it Jaachpaad, in paad dat hjoed-de-dei de Tsjerkegrêft hjit.

Yn 1839 sette de bou fan 'e wettersteatstsjerke útein en in jier letter koe de tsjerke ynwijd wurde. Yn 1844 krige de neoklassisistyske tsjerke ek in tuorke.

Yn 'e tsjerke falle de rûne pylders en it tonferwulft op. Op de foargevel is in medaillon oanbrocht mei krúste kaaien, in symboal foar de bân mei Rome.

De tsjerke is oan 'e apostels Petrus en Paulus wijd. Dat is opfallend want de oarspronklike parochytsjerke yn 'e Alde Helder wie noch oan Sint-Nikolaas wijd. Nei alle gedachten krige de nije tsjerke oare patroanhilligen om't de âld-katoliken yn De Helder ek Sint-Nikolaas as patroanhillige hiene. De âld-katoliken yn De Helder hiene in relatyf grutte mienskip en mei oare patroanhilligen koene de roomsk-katoliken harren better fan 'e âld-katoliken ûnderskiede.

It oargel fan 'e Petrus en Paulustsjerke waard yn 1979 troch Jos H. Vermeulen boud.

Yn it klokketuorke is in mechanysk oerwurk oanwêzich fan Eijsbouts út 1927.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: