Springe nei ynhâld

Perzen (toanielstik)

Ut Wikipedy
Perzen
algemiene gegevens
oarspr. titel Πέρσαι
auteur Aiskylos
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 472 f.Kr.
1e opfiering 472 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Perzen
publikaasje 1993, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. gjint

Perzen, yn it oarspronklike Aldgryksk: Πέρσαι, Persai (ek wol latinisearre ta Persae), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos of Aeschylus525455 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet hoe't de Perzyske kening Kserkses I de lulkens fan 'e goaden oer him ôfropt troch syn heechmoedige ynfaazje fan 'e Grykske stêdsteaten, yn 481-479 f.Kr., en dy't him benammen konsintrearret op 'e nederlaach fan Kserkses syn seemacht yn 'e Slach by Salamis (480 f.Kr.) tsjin 'e Ateenske float. Aiskylos wie in feteraan fan 'e Perzyske Oarloggen en hie meifochten yn sawol de Slach by Maraton (490 f.Kr.) as de Slach by Salamis, en mooglik ek yn 'e Slach by Platéa (479 f.Kr.), dat hy hie syn ynformaasje út 'e earste hân (wat ek de reden is dat Perzen nòch wol as histoaryske boarne brûkt wurdt).

It wie doedestiden trouwens tige ûngewoan om in toanielstik te basearjen op resinte histoaryske foarfallen, en Perzen is datoangeande de iennichste oerlevere klassike trageedzje wêrby't dat it gefal is. It stik datearret fan 472 f.Kr., doe't it (yn 'e mande mei de beide oare dielen fan 'e trilogy dêr't it ta hearde) opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. Dêrby tsjinne de Ateenske steatsman en legeroanfierder Perikles as choregos (in soarte fan sponsor). Perzen wûn dat jiers de earste priis. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1993.

Oarspronklik foarme Perzen it middelste diel fan in toanieltrilogy, mar de beide oare dielen binne net oerlevere, al witte wy de titels wol, dy't beide ferwize nei figueren út 'e Grykske mytology. It foarste part hiet fan Finéus en gie nei alle gedachten oer de rêding fan kening Finéus, troch Jason en de Argonauten, fan 'e tramtearring dy't de ysbaarlike harpijen him op befel fan 'e oppergod Seus ûndergean lieten. It trêde diel hiet fan Glaukus fan Potniai (of koartwei Glaukus) en gie itsij oer de mytyske Korintyske kening Glaukus dy't opfretten waard troch syn hynders om't er de goadinne Afrodite misjegene hie, itsij oer de Boeoatyske boer Glaukus dy't in magysk krûd opiet dat him transformearre ta in seegodheid mei de jefte fan foarsizzing. Mei it each op 'e ûnderwerpen fan Finéus en Perzen liket de earste mooglikheid mear foar de hân te lizzen, mei't dan it tema fan godlike ferjilding de trije dielen fan 'e trilogy mei-inoar ferbine soe.

In boarstbyld fan Aiskylos yn it Kapitolynsk Museum, te Rome.

Perzen spilet yn Sûsan, ien fan 'e haadstêden fan it Perzyske Ryk, dêr't de keninginne-mem, Atossa, ûngeduerich op nijs wachtet oer de oarloch fan har soan, kening Kserkses I, tsjin 'e Grykske stêdsteaten. Ut ûngerêstens fertelt Atossa wat wol "it earste ferslach fan in dream yn 'e skiednis fan it Jeropeesk toaniel" neamd is — in ûngewoan begjin foar in Aldgrykske trageedzje. Dan arrivearret der in deawurge boadskipper, dy't in detaillearre en libbene beskriuwing fan 'e Slach by Salamis en syn bluodderige gefolgen jout. Hy neamt de nammen fan 'e Perzyske legeroersten dy't sneuvele binne, mar fertelt dat Kserkses sels oan 'e dea ûntkomd is en ûnderweis werom nei Sûsan is. It hichtepunt fan 'e boadskipper syn monolooch (en de meast ferneamde passaazje fan it toanielstik) is de werjefte fan 'e striidgjalp fan 'e Griken: "Foarút, soannen fan Grikelân! Befrij / Jim heitelân, jim bern en froulju, / It thús fan jim foarfaars en de timpels fan jim goaden! / Rêd alles, oars is alles ferlern!" (r. 401-405).

By it grêf fan har ferstoarne man Darius freget Atossa it koar om syn geast op te roppen. As hy fan 'e Perzyske nederlaach heart, feroardielet Darius de heechmoed dy't syn soan derta brocht hat om Grikelân binnen te fallen. Fral it yn syn eagen godslasterlike beslút fan Kserkses om in brêge oan te lizzen oer de Hellespont (of de Dardanellen, de see-ingte tusken Lyts-Aazje en Jeropa), om sa it Perzyske leger flugger oerstekke te litten nei Jeropa, hat er gjin goed wurd foar oer. Foar't er him wer ôfjout, foarseit de geast fan Darius noch in folgjende Perzyske nederlaach (in ferwizing nei de Slach by Platéa, in jier letter). Dan arrivearret einlings Kserkses, klaaid yn teskuorde kladen en alhiel ferbûke troch syn tepletterjend ferlies yn 'e striid. De trageedzje einiget mei in klaachsang fan Kserkses oer de ûnbidigens fan 'e Perzyske nederlaach.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Persai ferskynde yn 1993, ûnder de titel Perzen, fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertaling fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 21 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. BUMA D 1287.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Aiskylos, Perzen (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, 1993 (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. BUMA D 1287.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.