Springe nei ynhâld

Peristerona (Nikosia)

Ut Wikipedy
Peristerona
Περιστερώνα
Bestjoer
Lân Syprus
distrikt Nikosia
Sifers
Ynwennertal 2.226 (2021)
Oerflak 24,3367 km²
Hichte 225 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 7' N 33° 4' E
Peristerona (grien) yn it distrikt Nikosia.
Peristerona (grien) yn it distrikt Nikosia.
Kaart
Peristerona (Syprus)
Peristerona

Peristerona (Gryksk: Περιστερώνα) is in grut doarp op likernôch 32 km fan Nikosia op it eilân Syprus. It plak leit oan 'e foet fan it Troödosberchtme en ûntstie op in hichte fan trochstrings 250 m oan 'e Morfou-rivier. Yn 'e distrikten Famagusta en Pafos lizze doarpen mei deselde namme.

It doarp is fral agrarysk en der wurde yn 'e kontrijen sitrusfruchten, griente, nôt, oliven en amandels produsearre. De namme Peristerona komt fan it Grykske wurd foar do.

Barnabas en Hilariontsjerke.

Yn 1960 bestie it doarp foar 59.2% út Gryksk-Syprioaten en 41,8% út Turksk-Syprioaten. Yn 1964 nei in tiid fan in soad geweld tusken de mienskippen lutsen de Turksk-Syprioaten harren werom yn 'e Turkske enklaves Lefka, Angolemi, Kazivera en Elia. In jier of wat letter kamen in oantal werom yn Peristerona, al wie it in hiele lytse mienskip: yn 1971 wennen der mar 23 Turksk-Syprioaten. Nei de Turkske ynvaazje yn 1974 binne ek de lêste Turksk-Syprioaten ferhûze nei it troch Turkije besette diel. Dêr binne de measte Turksk-Syprioaten yn Katokopia op 'e nij húsfêste. Yn 'e lege hûzen fan Peristerona waarden doe in soad Gryksk-Syprioatyske flechtlingen ûnderbrocht, fral út Morfou en omkriten. Tusken 1975 en 1982 is der foar sa'n 500 minsken nij boud.

De byzantynske Barnabas en Hilariontsjerke hat fiif koepels yn in krúsfoarm en fynt syn gelikense allinne yn Geroskipou (sjoch: Agia Paraskevi). De moskee fan Peristerona is 19e-iuwsk en boud yn 'e tiid doe't de Ottomanen it eilân noch besetten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: