Springe nei ynhâld

Famagusta (distrikt)

Ut Wikipedy
Distrikt Famagusta
Επαρχία Αμμόχωστου
Polityk
lân flagge fan Syprus Syprus
haadstêd Paralimni
yndieling - 8 stêden
- 90 doarpsgemeenten
Sifers
ynwennertal 54.282 (2021)
Gemeenteyndieling fan it distrikt Famagusta (de gemeenten yn it grize diel foarmje it besette diel fan it distrikt).
Gemeenteyndieling fan it distrikt Famagusta (de gemeenten yn it grize diel foarmje it besette diel fan it distrikt).

Famagusta is in bestjoersdistrikt yn 'e Republyk Syprus. Haadstêd fan it distrikt is de jure de havenstêd mei deselde namme, Famagusta. It bestjoerssintrum is de fakto de gemeente Paralimni.

It grutste part fan it distrikt, ynklusyf de wichtichste stêd, wurdt kontrolearre troch de ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk Noard-Syprus. In lyts gebiet yn it suden wurdt troch de Republyk Syprus bestjoerd. Dat súdlike diel fan it distrikt hat in befolking fan 54.282 ynwenners. It noardlike diel fan it distrikt Famagusta komt oerien mei de distrikten Gazimağusa en İskele.

Troch syn lytse omfang funksjonearret it distriktsbestjoer ek as fertsjinwurdiger fan 'e ferdreaune bewenners fan it de fakto-gebiet.

Neffens de Statistyske Tsjinst fan 'e Republyk Syprus bestiet it distrikt Famagusta út 8 stêden en 90 doarpsgemeenten. Dêrfan lizze feitlik sûnt de Turkske ynvaazje fan Syprus yn 1974 mar fiif gemeenten hielendal yn it distrikt Famagusta: Agia Napa, Paralimni, Sotira, Liopetri en Frenaros. De oare gemeenten fan it distrikt lizze yn 'e distrikten Gazimağusa en İskele fan 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk Noard-Syprus.

List fan gemeenten (stêden wurde fet werjûn):

Distrikten fan Syprus

FamagustaKyreniaLarnakaLimassolNikosiaPafos
· · Berjocht bewurkje