Enkomi
Appearance
Enkmomi Έγκωμη / Tuzla | ||
Doarpsgebiet (donkergrien) yn it distrikt Famagusta. | ||
Polityk | ||
Lân | de jure: Republyk Syprus de facto: Noard-Syprus | |
Distrikt | de jure: Famagusta de fakto: Gazimağusa | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.645 (2011) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 35° 9' N 33° 52' E | |
Kaart | ||
Enkomi (Gryksk: Έγκωμη; Turksk: Tuzla) is in doarp by Famagusta op it eilân Syprus. It leit net fier fan it argeologysk plak mei deselde namme. Enkomi leit yn 'e ynternasjonaal net erkende Turkske republyk Noard-Syprus.
Yn 1974 hie Enkomi likernôch 800 Gryksk-Syprioatyske ynwenners. Hja flechten allegear nei it suden fan it eilân, doe't de Turken Syprus binnenfoelen. Hjoed-de-dei is it doarp wat ynwennertal oanbelanget grutter. De bewenners fan it tsjintwurdige Enkomi binne ôfkomstich út de omkriten fan Larnaka. Fierder bestiet de befolking út kolonisten út de Turkske provinsjes Adana en Trabzon.
Noard fan it plak leit it Sint-Barnabaskleaster, dêr't it grêf fan 'e apostel Barnabas leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|