Springe nei ynhâld

Rizokarpaso

Ut Wikipedy
Rizokarpaso
Ριζοκάρπασο / Dipkarpaz
Bestjoer
Lân de jure: Republyk Syprus
de facto: Noard-Syprus
Distrikt de jure: Famagusta
de facto İskele
Sifers
Ynwennertal 2.349 (2011)
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 36' N 34° 22' E
Kaart
Rizokarpaso (Syprus)
Rizokarpaso

Rizokarpaso (Gryksk: Ριζοκάρπασο; Turksk: Dipkarpaz) is in stêd op it skiereilân Karpas yn it noardeasten fan Syprus. Offisjeel falt de stêd ûnder it distrikt Famagusta fan 'e Republyk Syprus. De fakto leit de stêd sûnt 1974 op it grûngebiet fan 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk fan Noard-Syprus.

De Sint-Synesiustsjerke.

Rizokarpaso is ien fan 'e grutste plakken op it skiereilân. De grûn is tige fruchtber en der wurdt katoen, tabak en nôt ferboud. It skiereilân is foar in grut part rûch en yn 'e gemeente leit it Nasjonale Park Karpasia mei moaie strannen en dêr't noch in populaasje fan 'e Karpasia-ezel libbet.

It gebiet om Rizokarpaso wie mei stêden as Karapasia en Afendrika ien fan 'e ierst bewenne gebieten fan it eilân. De stêd hat twa tsjerken: de Sint-Synesiustsjerke en de Trije-ienheidstsjerke.

Foar 1974 waard de stêd hast hielendal bewenne troch Gryksk-Syprioaten. By de Turkske ynvaazje fan Syprus op 20 july 1974 sniene Turkske troepen it skiereilân ôf, sadat de Gryksk-Syprioatyske bewenners dêr net wei komme koene om nei it suden te flechtsjen. Nei de earste dagen fan 'e Turkske ynvaazje waard ek Rizokarpaso troch de Turken ynnommen. Dêrfandinne is Rizokarpaso mei 250 Gryksk-Syprioatyske ynwenners hjoed-de-dei de stêd mei de grutste Grykske befolking fan Noard-Syprus. Dat nimt net wei dat tusken 1974 en 1985 likernôch 2500 Gryksk-Syprioaten ferhûzen nei it suden. De Gryksk-Syprioatyske befolking bestiet hjoed-de-dei foar in grut part út âlderein en nimt ôf. De Feriene Naasjes soargje foar de befoarrieding fan 'e ynwenners, sadat der plakken binne dêr't ek Gryksk-Syprioatyske produkten te krijen binne.

Yn 1977 waarden Turkske kolonisten út ferskillende gebieten fan Turkije nei Rizokarpaso brocht. Yn 'e 21e iuw kochten ek Turksk-Syprioaten en Europeanen dêr hûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan 'e Ingelsktalige side; sjoch foar boarnen: en:Rizokarpaso