Ayios Synesios (Rizokarpaso)
Sint-Synesiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Rizokarpaso | |
adres | Rauf Denktaş Caddesi | |
koördinaten | 35°35 N, 34°22 'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Synesios fan Karpasia | |
Arsjitektuer | ||
boustyl | byzantyns/neogotyk | |
Kaart | ||
De Ayios Synesiostsjerke is in tsjerkegebou yn Rizokarpaso op it fan 'e Turken besette diel fan it eilân Syprus. De tsjerke is ien fan 'e twa tsjerken fan Rizokarpaso.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is wijd oan Sint-Synesius, in 5e-iuwske biskop fan 'e stêd dy't de alderearste biskop Filon opfolge. Oer biskop Synesius is fierder neat bekend, útsein dat er biskop wie en fan Karpasia kaam. De earste tsjerke waard njonken syn grotwente boud, dy't neffens de tradysje de grot fan Sint-Synesius neamd wurdt.
It eastlike diel fan 'e hjoeddeiske tsjerke is it âldste diel en datearret fan 'e 11e of iere 12e iuw. Healwei de 19e iuw fûn in útwreiding oan it westlike diel plak. De âlde tsjerke is in krúsfoarmige tsjerke mei in sintrale koepel op in rûne tamboer en oarspronklik trije apsissen, wylst de 19e-iuwke tafoeging no de westlike ôfsluting foarmet en in koepel op in achthoekige taboer mei neogoatyske finsters hat. De súdlike apsis fan 'e âlde tsjerke waard yn 'e 19e iuw ôfbrutsen om de bou fan 'e klokketoer mooglik te meitsjen.
Oannommen wurdt dat de tsjerke ek in katedraal bleau doe't de Arabieren Syprus oanfoelen en it gebiet ûntfolke. Pas yn 'e Frankyske tiid ferlear de tsjerke de funksje fan biskopssit, mei't doe de autosefaly fan 'e Tsjerke fan Syprus ôfskaft en it tal bisdommen werombrocht waard.
Restauraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke wie ien fan 'e gebouwen op 'e list foar monuminten op it eilân Syprus, dêr't it United Nations Development Programme in renovaasjeprojekt foar ûntwikkele. Yn 2021 waard mei dy renovaasje mei finânsjele stipe fan û.o. de Tsjerke fan Syprus en de Europeeske Uny útein set. Njonken de restauraasje fan it gebou waarden ek de ikonostaze, ikoanen en oare religieuze objekten restaurearre. De restauraasje fan yn 28 novimber 2022 foltôge.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|