Lythrangomi
Lythrangomi Λυθράγκωμη / Boltaşlı | ||
Panagia Kanakaria | ||
Bestjoer | ||
Lân | de jure: Republyk Syprus de facto: Noard-Syprus | |
Distrikt | de jure: Famagusta de fakto: İskele | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 228 (2011) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 35° 28' N 34° 10' E | |
Kaart | ||
Lythrangomi (Gryksk: Λυθράγκωμη, ek Lythrankomi of Lythragkomi; Turksk: Boltaşlı) is in doarp op it skiereilân Karpas yn it noardeasten fan Syprus. Formeel falt it doarp ûnder it distrikt Famagusta fan 'e Republyk Syprus. Feitlik heart it doarp by it distrikt İskele fan 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk fan Noard-Syprus.
Lythrangomi leit oan 'e súdlike en smellere dyk fan de twa strjitten nei Rizokarpaso.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1960 hie it doarp 275 ynwenners, wêrfan 170 Gryksk-Syprioaten en 105 Turksk-Syprioaten. Nei de Turkske ynvaazje fan 1974 bleaune de measte Gryksk-Syprioaten yn it doarp wenjen. Yn 1975 wennen dêr noch 150 Gryksk-Syprioaten, mar yn desimber 1976 wennen der noch mar trije âldere Gryksk-Syprioaten. De leechsteande hûzen binne troch it Turkske regear oan kolonisten út it Turkske Erbaa út de Swarte See-regio tawiisd.
Panagia-Kanakaria-tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Panagia Kanakaria.
Bekend is de Panagia Kanakaria-tsjerke, wêrfan't it âldste boudiel op 'e 6e iuw werom giet. De tsjerke stie ynternasjonaal yn it nijs fanwegen de keunstrôf nei de Turkske ynvaazje. Lykas in soad stellen keunst út Noard-Syprioatyske tsjerken waarden ek de 6e-iuwske mozaïken fan 'e Panagia Kanakaria yn it bûtenlân ferkocht. In oantal mozaïken binne nei tuskenkomst fan rjochters werom nei Syprus gien en binne hjoed-de-dei yn it Byzantynsk Museum fan Nikosia te sjen, oaren binne ferdwûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|