Springe nei ynhâld

Limassol (distrikt)

Ut Wikipedy
Distrikt Limassol
Επαρχία Λεμεσού
Polityk
lân flagge fan Syprus Syprus
haadstêd Limassol
yndieling - 6 stêden
- 106 doarpsgemeenten
Sifers
ynwennertal 262.238 (2021)
oerflak 1.393 km²
befolkingsticht. 188 ynw./ km²
Gemeenteyndieling fan it distrikt Limassol (it ljochtgrize diel wurdt ynnommen troch de Britske militêr basis).
Gemeenteyndieling fan it distrikt Limassol (it ljochtgrize diel wurdt ynnommen troch de Britske militêr basis).

It Distrikt Limassol (Gryksk: Επαρχία Λεμεσού) is in bestjoersdistrikt yn 'e Republyk Syprus. De haadstêd is Limassol. Yn it distrikt leit de Britske militêre basis Akrotiri.

It distrikt hat in oerflak fan 1.393 km², itjinge 15,07 % fan it eilân betsjut.

Om it distrikt leit yn it west it distrikt Pafos, yn it noarden it distrikt Nikosia en yn it easten it distrikt Larnaka. Súd fan it distrikt leit de kust fan 'e Middellânske See. Dêr leit ek it skiereilân Akrotiri mei east dêrfan de baai fan Akrotiri en west dêrfan de baai fan Episkopi. Op it flakke skiereilân leit de sâltsee fan Limassol. Nei it noarden ta leit it Troödosberchtme mei de 1952 hege berch Olympos, de heechste berch op it eilân. Yn it berchtme leit de boarne fan 'e rivier Kouris, dy't troch it distrikt nei it suden streamt.

Neffens de Statistyske Tsjinst fan 'e Republyk bestiet it distrikt Limassol út de folgjende seis stêden en 106 gemeenten (de stêden binne yn fette letters oanjûn):

Distrikten fan Syprus

FamagustaKyreniaLarnakaLimassolNikosiaPafos
· · Berjocht bewurkje