Springe nei ynhâld

Troödosberchtme

Ut Wikipedy
Troödosberchtme
  berchtme
geografy
lân flagge fan Syprus Syprus
sifers
heechste punt Olympus
hichte 1952 m
kaart
Troödosberchtme (Syprus)
Troödosberchtme

It Troödosberchtme (Gryksk: Τρόοδος, Turksk: Troodos Dağları) is in berchtme op it eilân Syprus. De heechste berch is mei 1952 m de Olympus, dy't net betiizge wurde moat mei de berch yn Grikelân mei deselde namme. It berchtme leit foar in grut part yn it west en sintrum fan it eilân. Noard fan it Troödosberchtme leit de flakte Mesaoria.

It berchtme is ryk oan bosk en hat in grutte fariaasje oan begroeiïng. Yn it berchtme libbet de Syprioatyske moeflon, in ûndersoarte fan 'e moeflon. Yn it Troödosberchtme leit de boarne fan 'e Pedieos, de langste rivier fan Syprus.

Yn it berchtme wurdt in soad kuiere. Winterdeis biede fiif ferskillende skypistes de mooglikheid foar wintersport. Nei it berchtme wurde toeristyske eksursjes mei de bus organisearre. Fakentiden sit dêr in besite oan it Kykkoskleaster by. Net fier fan it Kykkoskleaster leit ek it grêf fan Makarios III, de earste presidint fan Syprus. Dêrnjonken foarmje de beskildere tsjerken yn 'e berchdoarpen wrâlderfgoed fan UNESCO.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Troödosberchtme fan Wikimedia Commons.