Springe nei ynhâld

Beskildere tsjerken yn de Troödos-regio

Ut Wikipedy
Beskilderd tsjerkje fan Galata.

De Beskildere tsjerken yn de Troödos-regio op it eilân Syprus steane sûnt 1985 op 'e UNESCO-list fan it wrâlderfgoed. De tsjerken binne skuorre-eftige tsjerken, dy't fan binnen tige kleurryk beskildere binne en steane yn in gebiet mei ien fan 'e grutste konsintraasjes tsjerken en kleasters út it eardere Byzantynske Ryk.

Yn 1985 waarden neffens in beslút fan 'e 9e gearkomste fan it wrâlderfgoedkomitee tsien fan sokke tsjerken yn 'e UNESCO-list fan it wrâlderfgoed ynskreaun. De ynskriuwing fûn plak op basis fan 'e kritearia (ii), (iii) en (iv). Yn 2001 waard dêr noch in tsjerke oan tafoege.

In útwreiding fan it tal tsjerken yn 2006 mei noch twa tsjerken op 'e 30e sitting waard net yn behanneling nommen, om't de Republyk Syprus de beide nominaasjes noch foar de sitting weromluts.

List fan tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
ID-Nr. Tsjerken Plak Opmerkingen Eksterieur Ynterieur
351-01 Agios Nikolaos tis Stegis Kakopetria
35° 58' N 32° 53' E
boubegjin oan it begjin fan 'e 11e iuw
letter fergrutte en mei in skuorredak ôfdutsen.
351-02 Agios Ioannis Lampadistis Kalopanagiotis
34° 59' N 32° 49' E
ûnderdiel fan in net mear besteand kleaster
bestiet út trije tsjerken ûnder ien skuorretek.
351-03 Panagia tis Asinou
(Panagia Phorviotissa)
Nikitari
35° 2' N 32° 58' E
Boubegjin 1105/1106
351-04 Panagia tou Arakos Lagoudera
34° 57' N 33° 0' E
Tsjerke út de lette 12e iuw
fresko's út 1192
351-05 Panagia tou Moutoulla Moutoullas
34° 58' N 32° 49' E
sterk skeinde fresko's út 1280
351-06 Archangelos Michail Pedoulas
34° 58' N 32° 49' E
neffens ynskrift 1474
351-07 Timios Stavros Pelendri
34° 53' N 32° 57' E
yn 'e 13e iuw ienskippich
letter fergrutte mei in noardlik en súdlik sydskip
351-08 Panagia tis Podithou Galata
35° 0' N 32° 46' E
yn 1502 boud as ûnderdiel fan in net mear besteand kleaster
Panagia Theotokos Galata
35° 0' N 32° 53' E
ek Archangelos Michail neamd
351-09 Timios Stavros tou Agiasmati Platanistasa
34° 58' N 33° 2' E
beskilderingen út de ein fan 'e 15e iuw
351-10 Metamorfosis tou Sotiros
(Agia Sotira)
Palechori
34° 55' N 33° 5' E
bou út de iere 16e iuw
ien fan 'e meest komplete post-byzantynske fresko-sylcli; sûnt 2001 ynskreaun.

De folgjende tsjerke makket kâns om tafoege te wurden op de list:

De folgjende twa tsjerken wiene foar de list nominearre, mar yn 2006 werom lutsen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wrâlderfgoed yn 'e Republyk Syprus

Pafos (1980) • Beskildere tsjerken yn de Troödos-regio (1985) • Choirokoitia (1998)