Springe nei ynhâld

Pedoulas

Ut Wikipedy
Pedoulas
Πεδουλάς
Bestjoer
Lân Syprus
distrikt Nikosia
Sifers
Ynwennertal 132 (2011)
Oerflak 10,9132 km²
Hichte 1100 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 58' N 32° 49' E
Kaart
Pedoulas (Syprus)
Pedoulas

Pedoulas (Gryksk: Πεδουλάς) is in berchdoarp op in hichte fan likernôch 1100 m yn it Troödosberchtme fan Syprus. De namme soe op 'e wurden pediada (delling) en laos (folk) werom gean. Yn it doarp steane ferskillende hotels.

Skuorretsjerke Sint-Michael.

It doarp is fral bekend fanwegen de 15e-iuwske Tsjerke fan 'e Aartsingel Michael, ien fan 'e tsien beskildere skuorretsjerken, dy't ta it wrâlderfgoed fan UNESCO rekkene wurde. Dêrnjonken hat it doarp noch alve oare tsjerken en kapellen, wêrfan't de Hillich-Krústsjerke de meast opfallende is.

Pedoulas hat twa musea: it yn 1999 iepene Byzantynske Museum mei ikoanen en in yn 2005 iepene folkloaristysk museum.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pedoulas fan Wikimedia Commons.