Springe nei ynhâld

Agia Napa

Ut Wikipedy
Agia Napa
Αγία Νάπα
Bestjoer
Lân Syprus
distrikt Famagusta
Sifers
Ynwennertal 4.717 (2021)
Oerflak 31.47 km²
Hichte 60 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 59' N 33° 59' E
Offisjele webside
www.agianapa.org.cy/el
Kaart
Agia Napa (Syprus)
Agia Napa

Agia Napa of Ayia Napa (Gryksk: Αγία Νάπα; Turksk: Aya Napa) is in stêd yn it súdeasten fan Syprus. De stêd is ûnderdiel fan it distrikt Famagusta, wêrfan't sûnt de Turkske besetting fan it noarden fan Syprus noch in lyts diel ûnder de kontrôle fan 'e ynternasjonaal erkende Republyk Syprus heart.

De skiednis fan it doarp giet werom op it jier 1530, doe't yn in bosk in ikoan fan Marije fûn waard, dy't earder fermist waard. Dat waard de oanlieding foar de bou fan in kleaster, dêr't letter in doarp omhinne groeide.

Strannen fan Agia Napa.

Oant it begjin fan 'e jierren 1970 bleau Agia Napa in lyts fiskersdoarpke. Mei de Turkske ynvaazje yn 1974 en de ynname fan Famagusta, flechten de likernôch 15.000 Gryksk-Syprioatyske ynwenners fan 'e Grykske wyk Varosha nei it suden. Hja tochten dat de flecht tydlik wie, mar soene nea werom komme.

Hjoed-de-dei is Varosha yn it troch Turkije besette Noard-Syprus in spoekstêd dêr de gebouwen ferfalle, wylst it fiskersdoarp Agia Napa him yn heech tempo nei de ynvaazje ûntwikkele hat ta in toeristysk plak mei in soad hotels, dêr't fral minsken út Grut-Brittanje, Sweden en East-Europa fakânsje fiere.

Kaap Greco.

Der binne in soad moaie sânstrannen lykas Nissi Beach, Markonisos Beach, Sandy Beach, Ayia Napa Main Beach en Fig Tree Bay. Ek soldaten fan de tichtebylizzende Britske basis yn Dekelia en soldaten fan 'e Feriene Naasjes út Nikosia meie graach harren frije dagen yn Agia Napa trochbringe. De haven fan Agia Napa hat hjoed-de-dei fral in toeristyske funksje.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Tichteby it Makronissos Strand binne de út de rotsen houde Makronissos grêven, in begraafplak út de Hellenistyske en Romeinse tiid. De grêfkeamers binne leech.
  • It Agia Napa-kleaster ûntstie yn 'e Fenesiaanske tiid. Nei de Osmaanske oermastering flechten de muontsen, mar it doarp bleau de tsjerke brûken.
  • It lytse Thalassa Museum is in museum oer de seefeart en saken dy't ferbân hâlde mei de see. Underdiel fan it museum is in replika fan in âldgryksk hannelsskip, de Kyrenia II, dy't op basis fan in wrak boud waard.
  • Trije km east fan Agia Napa leit Kaap Greco, dêr't neffens de sage it mytyske seemûnster fan Agia Napa libbe.
  • Likernôch 2 km west fan it plak soe de hillige Tekla fan Ikoanium libbe ha. Dêr waarden katakomben yn 'e rotsen úthoud en missen fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: