Springe nei ynhâld

Agia Paraskevi (Geroskipou)

Ut Wikipedy
Agia Paraskevi-tsjerke
Ναός Αγίας Παρασκευής
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Geroskipou
Arsjitektuer
boujier 9e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
Kaart
Agia Paraskevi (Syprus)
Agia Paraskevi

De Agia Paraskevi-tsjerke (Gryksk: Ναός Αγίας Παρασκευής) is in Syprioatysk-otterdokse tsjerke yn it sintrum fan Geroskipou op it eilân Syprus. De tsjerke hat fiif koepels en is njonken de Hilarion- en Barnabastsjerke yn Peristerona de twadde Byzantynske tsjerke fan dat type op Syprus. It ûntwerp giet op 'e yn 'e Justiniaanske tiid boude Jehannestsjerke fan Efeze en de Aposteltsjerke yn Konstantinopel werom. De tsjerke is oan Sinte-Paraskeva (yn it Gryksk Paraskevi) wijd.

De tsjerke waard yn 'e 9e iuw boud op it plak fan in âlder gebou, wêrfan 't de kapitelen en fragminten fan pylders op it hôf bewarre bleaun binne. Neffens ûndersikers hat foar de bou fan in tsjerke dêr in âlde timpel of in ier-kristlike basilyk stien. It grutste part fan 'e tsjerke waard yn 'e 11e iuw boud.

De trijskippige Agia Paraskevi-tsjerke is fan binnen troch muorren ferdield dy't de koepels drage. Boppe it middenskip binne trije koepels. De middelste koepel wurdt oan wjerskanten ek op 'e sydskippen mei koepels flankearre, sadat de yndruk fan in krúsfoarmich gebou ûnstiet. Oan it súdlike sydskip is eastlik oant de apsis fan it middenskip in kapel tafoege, der't eartiids nei alle gedachten in relikwy fereare of it libben fan in martler betocht waard. Yn 1886 waard op 'e súdeastlike hoeke fan 'e tsjerke in klokketoer tafoege. It nartekseftige westlike diel waard yn 'e 19e iuw foar de froulju boud en yn 1931 útwreide.

Fresko's yn 'e koepel.

De útsûnderlik dikke muorren binne fan binnen beskildere. De âldste fragminten binne suver dekorative motiven, dy't noch út de tiid fan it ikonoklasme yn 'e 9e iuw datearje. Dêroer hinne leit in laach mei fresko's út de 12e iuw, wêrfan't de ûntsliepenis fan Marije oan 'e noardlike kant fan 'e Naos it bêste bewarre is. De measte fresko's binne lykwols 15e-iuwsk en byldzje foarstelling út it Nije Testamint út. De ikonostaze fan 'e tsjerke giet op 'e 16e iuw werom. De ikonostaze fan it noardlike skip hat in mirakuleus ikoan mei oan 'e foarkant in foarstelling fan 'e Panagia Geroskipiotissa en op 'e efterkant in foarstelling fan 'e Krusiging.

Tichteby de súdwestlike muorre fan 'e tsjerke streamt ûndergrûnsk in rivierke. Eartiids tochten se dat it wetter fan dat rivierke eachsyktes ferhelpe koe. Troch loazingen fan fabriken yn 'e jierren 1950 fersmoarge it wetter en de iepening nei it wetter ta sletten. De tsjerke waard yn 2004 op 'e list fan 'e foarlopige wrâlderfgoedlist fan UNESCO set.

  • Andreas Schneider: Zypern. Archäologische Schätze, byzantinische Kirchen und gotische Kathedralen im Schnittpunkt der Kulturen. Ostfildern 2011, siden 136–139.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Panagia Katholiki, Kouklia fan Wikimedia Commons.