Springe nei ynhâld

Geroskipou

Ut Wikipedy
Geroskipou
Niolaastsjerke.
Niolaastsjerke.
Bestjoer
Lân Syprus
distrikt Pafos
Sifers
Ynwennertal 8.355 (2021)
Oerflak 10,8596 km²
Hichte 35 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 45' N 32° 27' E
Offisjele webside
geroskipou.org.cy
Kaart
Geroskipou (Syprus)
Geroskipou

Geroskipou (Gryksk: Γεροσκήπου, Turksk: Yeroşibu ), ek Geroskipos, is in plak en gemeente yn it distrikt Pafos yn 'e Republyk Syprus.

De namme Geroskipou komt fan 'e 'Hillige Túnen fan Afrodite', dy't yn 'e âldheid yn dit gebiet leine. De namme Geroskipou is in ferbastering fan 'e antike namme fan 'e stêd Hieros kipos, itjinge "hillich bosk" resp. "tún" betsjut en Geros kipos betsjut "âlde tún".

Geroskipou leit yn it west fan it Middellânske See-eilân Syprus, sa'n 4 kilometer súdeast fan Pafos, 65 kilometer west fan Limassol en 150 kilometer súdwest fan Nikosia. It westlike part fan 'e gemeente leit oan 'e kust. It leit oan 'e wei nei Limassol (B6) tusken de antike haven fan Nea Pafos en it Afrodite-hillichdom yn Kouklia.

Geroskipou is opdield yn 'e 2 distrikten Geroskipou en Koloni.

It gebiet fan Geroskipou wurdt sûnt it lette neolitikum (4500–3900 f.Kr.) bewenne. Yn 'e antike tiid wie it gebiet ferbûn mei de oanbidding fan Afrodite. Alle jierren waard dêr it Afroditefeests organisearre en yn it ramt fan in optocht rûnen leauwigen troch de Hillige Túnen en hja einigen yn it hillichdom fan Afrodite yn Palaipafos (it tsjintwurdige Kouklia).

9e-iuwske Agia Paraskevi

Yn 'e ierkristlike en ierbyzantynske tiid wie der in ûntwikkele kleasterlibben yn Geroskipou. Yn de Frankyske tiid wie it doarp ien fan 'e keninklike lângoeden, dy't kening Jakobus II oan 'e feodale hear Petro d'Ávila joech. Der stie yn 'e Osmaanske tiid in Britsk fise-konsulaat, dat ferantwurdlik wie foar de Ingelske float.

Mear resint waard it doarp yn 1994 in gemeente. In pear jier letter waard de eardere gemeente Koloni by Geroskipou yndield.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn it sintrum fan it plak stiet de 9e-iuwske tsjerke fan Agia Paraskevi.
  • It Folkloristyske Museum fan Geroskipos (yn it hûs fan Hadji Smith Zymboulakis) is it eardere wenhûs fan 'e Britske konsul fan Pafos, Andreas Zymboulakis. Njonken folkloristyske objekten is it ynterieur in geef foarbyld fan Syprioatyske folksarsjitektuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: