Springe nei ynhâld

Percy Bysshe Shelley

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Percy Shelley)
Percy Bysshe Shelley (1819)

Percy Bysshe Shelley (Field Place, Susseks, Ingelân), 4 augustus 1792 – yn de see by La Spezia, 8 july 1822) wie in wichtich Ingelsk dichter út de perioade fan de romantyk.

Hy waard in idoal foar de trije of fjouwer generaasjes dichters nei him, dêr't de wichtige Victoariaanske en Pre-Rafaelityske dichters ûnder wienen. Hy waard bewûndere troch guonts as Karl Marx, Oscar Wilde, Thomas Hardy, George Bernard Shaw en Bertrand Russell. Mohandas Karamchand Gandhi's passive ferset waard ek beynfloede en ynspirearre troch Shelley's geweldleazens yn gefal fan protest en politike aksjes. Ralph Vaughan Williams, Sergej Rachmaninov, Roger Quilter, John Vanderslice en Samuel Barber komponearren muzyk basearre op syn gedichten.

Shelley kaam út in begoedige aristokratyske famylje, hy wie de âldste soan fan Baronet Sir Timothy Shelley. Yn syn earste jier oan de Universiteit fan Oxford yn 1811 skreau er in pamflet dêr't er yn hawwe woe dat der net genôch bewiis bestiet foar it bestean fan God (The Necessity of Atheism). Mei troch syn rebelske hâlding foar de kolleezjelieding oer, waard er doe fan de universiteit stjoerd. De saak feroarsake in breuk mei syn heit, dy't it net iens wêze koe mei de radikale opfettings fan syn soan.

Yn itselde jier naam er de wyk nei Skotlân, mei de 16-jierrige Harriet Westbrook, de dochter fan in kafeehâlder. Hy krige in dochter by har. Goed en wol troud ferúze er nei it Lake District om dêr te skriuwen, mar rillegau ferfarde er nei Ierlân en wie er dwaande mei it skriuwen fan politike pamfletten, ûnder oaren foar de lykberjochtiging fan Ierske katoliken en tsjin de Uny mei Ingelân.

Yn 1814 ferliet er syn frou, dy't op 'en nij swier wie, en gong mei de briljante dochter fan Mary Wollstonecraft, dy't ek Mary hjitte, en har healsuster Claire Clairmont, fia Frankryk nei Switserlân, mei de bedoeling dêr in kommune fan frije leafde te begjinnen. Neidat syn earste frou, dy't wer yn ferwachting wie fan in ûnbekende man, harsels tekoart dien hie troch ferdrinking, troude er mei Mary. Shelley syn hanneljen joech in protte opskuor en protest yn Ingelân. Shelley ferliet it lân yn 1818 en gie nea werom. Hy gie troch mei it skriuwen fan radikale politike pamfletten.

Nettsjinsteande Shelley syn ikkerichheid yn ferhâldingen, wie er dochs in freonlik en goederjousk man. Hy dielde syn jild mei freonen dy't krap sieten. Nei in ûngeduerige perioade fan reizgjen fêstigen de Shelleys harren yn Pisa. Dêr fûn er wat rêst, mar dat duorre net lang. Wilens in fartocht mei in freon, sloech harren boat om en hja fersûpten. In pear dagen letter spielden sy oan op it strân. Shelleys jiske waard byset op it Cimitero Acattolico yn Rome. Yn Ingelân joech syn dea ferromming: 'Shelley de ateïst is dea. No wit er oft God bestiet of net.'

Yn de wanhopige en ûnrêstige jierren yn Itaalje skreau er syn bêste wurk. It wjerspegelt syn idealisme en syn ferhoop op de mooglikheid fan ferlossing troch de leafde en de ferbylding. Neffens him bestiet der gjin wissichheid, allinnich hoop.

Louis Edouard Fournier: Trelawny, Hunt en Byron ferbaarne Shelley syn lichem, 1889

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Percy Bysshe Shelley fan Wikimedia Commons.