Alastor
Alastor | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Alastor, or The Spirit of Solitude | |
auteur | Percy Bysshe Shelley | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1816, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Alastor | |
publikaasje | 1918, Snits | |
útjouwer | Utjouwerij A.J. Osinga | |
oersetter | Douwe Kalma en Rinke Tolman |
Alastor, yn it oarspronklike Ingelsk: Alastor, or The Spirit of Solitude, is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Ingelske dichter Percy Bysshe Shelley (1792-1822). Yn it gedicht, dat bestiet út 720 regels, beskriuwt Shelley it libben fan in dichter dy't de hiele wrâld ôfsiket nei ûnbekende wierheden. Alastor, dat beskôge wurdt as ien fan Shelley syn masterwurken, waard foar it earst útjûn yn 1816; de Fryske oersetting fan Rinke Tolman en Douwe Kalma is út 1918.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Shelley skreau Alastor tusken 10 septimber en 14 desimber 1815 yn Bishopsgate, te Londen, en hie noch gjin titel betocht doe't er it oan syn freon Thomas Love Peacock sjen liet. Peacock rette him de namme "Alastor" oan, dy't ôfkomstich is út 'e Romeinske mytology. Dy namme tsjut lykwols net op 'e dichter dy't de haadrol spilet, mar op 'e geast dy't de fantasij fan dy dichter op in suver godlike manear yn beweging set. Alastor wie ien fan 'e earste grutte dichtwurken fan Shelley en waard yn 1816 útjûn as ûnderdiel fan in bondel mei as titel Alastor; or, The Spirit of Solitude: And Other Poems. Sûnt de earste útjefte hawwe in protte resensinten en kritisy har der de holle oer brutsen hokker dichter oft de haadpersoan op basearre west hawwe kin; de measte saakkundigen miene dat dat Shelley syn tiidgenoat William Wordsworth wêze moat.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Alastor siket in dichter de wrâld ôf nei de frjemde wierheden fan ûnûntdutsen lannen en reizget dêrby û.m. troch de Kaukasus, Perzje, Araabje en Kasjmier. Op in nacht dreamt er fan in bewale faam dy't him in swymke fan 'e boppenatuerlike wrâld oare kant de natoer sjen lit. Dy dreamfrou hâldt de midden tusken de natuerlike en de boppenatuerlike wrâlden en is foar in part geast en foar in part minsklike leafde. As de dichter besiket om ta dat dreambyld te kommen, wurdt it lykwols ferswolge troch it tsjuster fan 'e nacht en ferliest er sa syn bân mei it boppenatuerlike wer.
Ungeduerich besiket de dichter neitiid almar ta fermoedsoening te kommen mei syn ferlerne fizioen. Mar al longeret syn ferbylding op in feriening mei it ûneinige, dochs is er úteinlik te slim ferankere yn 'e gewaarwurdings fan 'e natuerlike wrâld. As er dan op 't lêst de dea yn him omgean lit as mooglike tagong ta syn begear, sjocht er in lyts boatsje in rivier del driuwkeljen. Hy stapt deryn en wurdt dan troch in glêde weach almar djipper nei de boarne fan 'e natuerlike wrâld ta spield. Dêr fernimt er de oanwêzigens fan 'e geast fannijs. It boatsje driuwt fierder nei in ûnmjitbere leechte, en de dichter is ree om himsels by de boppenatuerlike wrâld te jaan en oer de drompel fan 'e dea te stappen. As er de "ûnbekendste kleau" ("obscurest chasm") berikt, is it lêste dat er sjocht de moanne. Wylst dat byld út syn bewustwêzen ferdizenet, wurdt er ien mei it boppenatuerlike; syn reis nei de eigenste boarne fan 'e natoer hat him dan einlings en te'n lêsten nei it ynderlik fan 's wrâlds natoer laat en nei in bestean dat frij is fan ferfal en feroaring.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske oersetting fan Alastor, or The Spirit of Solitude ferskynde yn 1918 ûnder de titel Shelley's Alastor by Utjowerij A.J. Osinga te Snits, as nû. 9 yn 'e "Pompeblêderige fen de Jongfryske Mienskip". De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Rinke Tolman en Douwe Kalma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side. |