George Bernard Shaw

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


George Bernard Shaw
George Bernard Shaw yn 1925

George Bernard Shaw (Dublin, 26 july 1856Ayot Saint Lawrence, 2 novimber 1950) wie in Iersk toanielskriuwer, sosjalist en teaterkritikus. Hy wie in frijtinker, ûndersteunde de striid foar like rjochten foar froulju en wie foarstanner fal like beleanning foar manlju en froulju. Ek wie hy oertsjûge fegetaarjer en tsjinstanner fan dierproeven. Hy wûn de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1925 – hy akseptearre de lear, mar wegere it jild.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Shaw waard berne yn Ierlân mar ferhuze yn 1876 nei Londen en kaam yn de 30 jier dêrop net werom nei Ierlân. Hy sette syn eigen oplieding fuort troch in soad tiid troch te bringen yn it British Museum. Hy begûn mei it skriuwen fan muzyk, teaterkritiken en boeken, earst sûnder folle súkses. Shaw hâlde him ek dwaande mei polityk, hy wie in sosjalist dy't tusken 1885 en 1911 in liedende rol hie yn de Fabian Society yn Londen. Om de foarlêste ieuwikseling wie hy as toanielskriuwer tige populêr en hie hy yn in soad teaters yn Londen tagelyk toanielstikken rinnen, mear as elke oare auteur.

Yn 1895 waard G.B. Shaw de toanielkritikus fan de Saturday Review. Yn 1898 troude hy in Ierske erfgenamte, Charlotte Payne-Townshend en waard syn earste súksesfolle toanielstik, Candida, produsearre. Hjirnei folge in rige klassike komeedzjes, lykas: The Devil's Disciple (1897), Arms and the Man (1898), Mrs Warren's Profession (1898), Captain Brassbound's Conversion (1900), Man and Superman (1902), Caesar and Cleopatra (1901), Major Barbara (1905), Androcles and the Lion (1912), en Pygmalion (1913). Dizze lêste inspirearre de musical My Fair Lady (Lerner & Loewe, 1964).

Nei de Earste Wrâldoarloch brocht hy serieuzer wurk út, wêrûnder Heartbreak House (1919) en Saint Joan (1923). Karakteristyk foar syn toanielstikken s it lange foarwurd dat oan elk derfan foarôf giet, soms tsientallen bledsiden, wêryn de stof fan it toanielstik analisearre wurdt. Hy nom hjiryn kontroversjele stânpunten yn oer de saken dy't yn it toanielstik oan de oarder kamen. Sommige fan dizze foaropwurden binne langer as it toanielstik sels. Yn it foaropwurd by Androcles and the Lion en yn it stik sels komt hy der bygelyks dúdlik foar út dat yn syn eagen immen dy't de oarloch ferhearliket in oanhinger is fan de oarlochsgod Mars en gjin kristen wêze kin. Syn populariteit fermindere sterk nei syn essay Common Sense About the War (1914), dat ûn-heitelânskleavjend neamd waard. Mei syn stik Saint Joan (1924) slagge hy deryn it publyk wer op syn hân te krijen en waard hy fereare as 'de twadde Shakespeare'. It stik is basearre op it libben fan Jeanne d'Arc dy't fjouwer jier dêrfoar hillich ferklearre wie. Hy fertelt it ferhaal net mei har as heldinne of martelder, mar sjocht har as in koppige, seksleaze jonge frou mei in soad krêft en sterke wil.

Nei in besyk oan de USSR yn de jieren tritich, wêrby't hy Stalin moete, waard Shaw in sterke supporter fan de stalinistyske USSR en wurdt dêrom beskôge as in typyske Fellow traveller. It foarwurd by syn toanielstik On the Rocks (1933) is primêr bedoeld as ferdigening fan de pogroms dy't troch de steatsfeilichheidstsjinst (OGPOe/NKVD) útfierd waarden yn de USSR foar en yn de perioade fan de Grutote Suvering. Yn in ipen brief oan de krante Manchester Guardian bestimpele y ferhalen oer Sovjet hongersneden as lasterlik en neamde rapporten oer útbuiting fan de arbeiders (sjoch Stachanowisme) yn de USSR ferkeard.[1]. Hy fedigene Stalin ek yn oare opsichten, lykas yn in brief oan it tydskrift Labour Monthly ynsake Stalins bemuoienis mei de biology wêrby't de tinkbylden fan Trofim Lysenko oan de wittenskip opdrongen waarden[2].

Tematyk[bewurkje seksje | edit source]

Yn syn toanielstikken kommbinearre Shaw morele problemen dan aldedei mei in iroanyske toan en paradoks, en produsearre siswizen as "He who can, does. He who cannot, teaches" (Wa't eat kin, docht it. Wa't it net kin ûnderwiist it), "England and America are two countries divided by a common language" (Ingelân en Amearika binne twa lannen dy't skieden wurde troch in mienskiplike taal) en "The fact that a believer is happier than a skeptic is no more to the point than the fact that a drunken man is happier than a sober one" ('It feit dat in leauwige lokkiger is as in skeptikus docht net mear ta sake as it feit dat in dronken man lokkiger is as in nofterenien'). Syn wurk is ek foar in hjoeddeisk publyk noch altiten tige lêsber en wurdt noch frij geregeld opfierd.

Doe't hy ferstoar wie hy net allinnich bekend op de Britske eilannen mar wrâldwiid. Hy siet yn oer de ûndúdlikheid fan de Ingelske stavering, en hy joech in gedielte fan syn rykdom oan in stichting dy't in nij fonetysk alfabet, it Shavian-alfabet, foar de Ingelske taal gearstalle moast.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Letters to the Editor: Social Conditions in Russia by George Bernard Shaw, yn The Manchester Guardian, 2 maart 1933. 2007-06-03. Gareth Jones' Memorial Website
  2. Shaw, George Bernard, The Lysenko Muddle (ôfskrift fan it betreffende artikel yn de Labour Monthly, Jan. 1949) [1]