Timothy Shelley
Sir Timothy Shelley, 2e Baronet fan Castle Goring (7 septimber 1753 – 24 april 1844) wie de soan fan Sir Bysshe Shelley, 1e Baronet fan Castle Goring en heit fan de romantyske dichter en dramaskriuwer Percy Bysshe Shelley.
Jeugd en ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Shelley wie in soan fan Sir Bysshe Shelley en Mary Catherine Michell, Lady Shelley. Hy studearre oan de Universiteit fan Oxford en helle de bachelor's graad yn 1778; master waard er yn 1781. Dêrnei studearre er rjochten yn Lincoln's Inn.[1]
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Shelley waard keazen as lid fan it parlemint (MP) foar it kiesdistrikt Horsham, Susseks by de algemiene ferkizings fan 1790 (-1792).[2]. Hy waard MP foar it distrikt New Shoreham by algemiene ferkiezings fan 1802.[3] By de ferkiezings fan 1806, 1807 en 1812, waard Shelley opnij keazen foar Shoreham hold de parlemintssit oant er him weromloek by de ferkiezings fan 1818.
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Shelley troude Elizabeth Pilford yn oktober 1791 en hja ferhuzen nei Field Place yn Warnham, sa'n 60 km bûten Londen. It pear krige fiif bern:
- Percy Bysshe Shelley (4 augustus 1792-8 july 1822)
- John Shelley (15 maart 1806-11 novimber 1866)
- Dochter (ûnbekend)
- Dochter (ûnbekend)
- Dochter (ûnbekend)
Alle dochters fan Shelley bleaunen frijfaam.[4]
Titels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mr Timothy Shelley (1753-1790)
- Mr Timothy Shelley MP (1790-1815)
- Sir Timothy Shelley (1815-1844)
Shelley erfde de baronet-titel yn 1815, waard doe 2e Baronet Shelley, of Castle Goring, Susseks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|