Springe nei ynhâld

Palmastate

Ut Wikipedy
Grut Palma yn 2011

Palmastate ek Palmere gued en Palmer guedt wie in sate oan de Ljouwerterdyk 64, wat bewesten it Ald Slot yn Wergea, gemeente Boarnsterhim.

De âldste fermelding fan Palma is Palmere gued yn 1529. Palma hearde lange tiid oan deselde famyljes as Roorda, dêr't it oan grinzet. Sa út en troch hie it ek aadlike bewenning. Opfallend is de brede grêft om de state. Yn de sechtjinde iuw lriger Palma in, pas resint werûntdekte, plak yn de "fantastyske" skiedskriuwing. Yn 1529 neamde Douwe Jousma yn syn testamint in rinte út Palmere gued. Antoenis Galama en Douwe syn dochter Kunier Jousma wienen yn 1543 eigeners fan Palmer guedt. Krektas Roorda wie ek Palmera gjin âld Jousma-besit. Yn de fyftjinde iuw hie it grif oan de famylje Wiarda út Goutum heard. Yn 1543 wie it nammentlik noch belêste mei memoarjelêsten foar Tzalingh Wyaerda en Aeyl. Yn de midden fan de 16e iuw groeide om de yndie opmerklike namme Palmera - of Palma sa't de state letter neamd waard - in optocht oarsprongsferhaal. Sibrandus Leo beskreau yn syn abtenlibbens fan Mariëngaarde en Lidlum de oerwinning fan de Friezen op de greve fan Hollân yn 1345. De reden dat hy dêr omtinken oan joech, wie it feit dat de abdij Mariengaarde as ferfolch op dy fjildslach har besittings yn Hollân, benammen yn Marken, kwytrekke. Om de namme Palmera/Palma en tagelyk de doarpsnamme Wargea te ferklearjen, lokalisearre Sibrandus de fjildslach yn Wergea. Fanwege de ferwurven oerwinningspalm soe it slachfjild de namme Palmara krigen hawwe en it doarp Raedvier soe tenei Wergea (Verraga) neamd wêze, dat is 'doarp fan harren dy't har ferdigenen'. Omdat de slach fan 1345 feitlik by Starum barde, is letter de namme Warga as Warns ynterpretearre en waard miend dat de Hollanners dêr ferslein wienen. Pas yn de 20e iuw is Warns as slachfjild skrast; de tradysje om Wergea bleau lykwols in twivelriedich feit. Yn Sibrandus Leo syn besykjen de bysûndere en opfallende namme Palmera in etymology te jaan, blykt no de oarsprong fan dit ferhaal te lizzen. Fergelykbere tradysjes om de nammen fan plakken en ek fan stinzen kenne wy út 16e iuw en ek út de lette Midsiuwen.
Yn 1640 wienen Grut en Lyts Palma eigendom fan ûndermear Eliana Thonisdr fan Hettinga, in pakesizzer fan Tiete Epez Hettinga en dus in oeroerpakesister fan Douwe Jousma. Grut Palma waard troch de juffers fan Hittinga sels bewenne en waarrd yn 1664 dan ek as in edele state oanjûn. Ek yn 1728 hjitte it noch in "hearlijke" bewenning: de hear B. Nysten bewenne de state doe sels.
De grêften om Grut Palma binne op de kadasterkaart fan 1830 goed te sjen en binne no noch foar in diel oanwêzich. Yn de lette 19e iuw ferriisde hjir in fraaie kop-hals-romppleats. Ut de terp binne yn de rin fan de jierren tsientallen grutte kleastermoppen foar it ljocht komd.

  • Tzalingh Wyaerda en Aeyl, foar 1500
  • Douwe Jowsma, hie yn 1529 in rinte út Palma. Soan:
  • Kunier Jousma, troude mei Thonis Galama. Se wienen yn 1543 eigeners fan Palma guod. Huarren dochter:
  • Hylck troude mei Tiete Epes Hettinga. Dochter:
  • Thonis fan Hettinga. Dochter:
  • Eliana Thonisdr fan Hettinga, yn 1640 mei-eigenaresse fan Palma.
  • 2011 D. Swierstra

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: