Springe nei ynhâld

Oud Valkeveen

Ut Wikipedy
Oud Valkeveen
  ferdivedaasjepark
Yngong Oud Valkeveen
Yngong Oud Valkeveen
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Goaiske Marren
plakValkeveen
adresOud Huizerweg
koördinaten52° 18' NB, 5° 11' EL
bysûnderheden
typeAttraksjejepark
eignerNedstede Group
iepenIt hiele jier
attraksjes38
achtbanen2
wetterattr.1
skiednis
iepening1930
gebou
boujier1930
offisjele webside
Webstee Linnaeushof
kaart
Oud Valkeveen (Noard-Hollân)
Oud Valkeveen
Lokaasje Linnaeushof

Oud Valkeveen is in lyts attraksjepark yn de gemeente Goaiske Marren yn Noard-Hollân. It park sit yn de buorskip Valkeveen yn de beurt fan Naarden, dat op de fierste noardpunt fan de Utertse Heuvelrêch leit.

It lângoed dêr't Oud Valkeveen op leit, stie eartiids bekend as 'Oud Naarden' en wie eigendom fan in rike Amsterdammer. Nei 1880 ûntstie der in stoomtramferbining tusken Amsterdam en It Goai. In protte minsken makken mei de tram in útstapke nei it lângoed omdat dêr in moai strân oan de Sudersee wie. De eigeners fan de pleats op it lângoed binne doe om de besikers harren wiet en drûch te jaan begûn mei in pankoekepleats.

Yn 1930 waard njonken it pankoekehûs in boarterstún oanlein. Tsjintwurdich bestiet it park, neist in boarterstún, út inkele merke-eftige attraksjes, in fiver mei wetterfytsen en in restaurant. Der kin ek bivakearre wurde op in gersfjild en it strantsje oan de ûndjippe Goaimar.

Yn 1980 fêstige de bekende sirkusdirekteur Toni Boltini him yn Naarden as eigener/eksploitant fan it park. Sûnt 2002 is it park eigendom fan de Nedstede Group.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
    Fryslân
    Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
    Nederlân
    Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
    Eardere ferdivedaasjeparken
    Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
    · · Berjocht bewurkje