Utertske Heuvelrêch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Utertse Heuvelrêch)
Uterske Heuvelrêch

De Utertske Heuvelrêch is in driuwwâl en sânrêch yn de Nederlânske provinsjes Utert en Noard-Hollân. De langte fan de regio fan noardwest nei súdeast is sa likernôch 50 km. It noardlike part dat bestjoerlik ûnder Noard-Hollân falt wurdt ornaris “Het Gooi” neamd.

Yn it súdeasten grinzet de heuvelrêch oan de delling fan de Nederryn. Dêr leit de 52 m. hege Grebbeberch dêr't yn 1940 de Slach om 'e Grebbeberch tusken it Nederlânske en Dútske leger útfochten waard. It heechste punt fan de heuvelrêch is de Amerongske Berch (68 m.). Yn it noarden rint de heuvelrêch oan de iggen fan de Goaimar (“Gooimeer”) ta. De Uterske Heuvelrêch bestiet foar in grut part út bosken. Dêrneist binne der in tal heidegebieten en stosânen. It gea is sa'n 230 km² grut. Dêrtroch is de Utertske Heuvelrêch nei de Feluwe it twadgrutste boskgebiet fan Nederlân.

De heuvelrêch is sa likernôch 150.000 jier lyn ûntstean yn de foarlêste iistiid, it Saaliën. Foar dy tiid streamden de Ryn en de Maas fierder noardlik as hjoed-de-dei. Foar de iistiid hawwe de beide rivieren tsjokke lagen sân en gryn nei it gea brocht. Troch de gletsjers waard it sân en gryn nei it súdwesten ta treaun.

Nei de lêste iistiid rekke it gebiet beboske. Nei ferrin fan tiid kaam der mear bewenning yn it gebiet. De eardere bewenners kapten de bosken fuort en bebuorken it lân. Sa waard de Utertske Heuvelrêch in gebiet fan sân en heide. Yn de 19e en 20e iuw waarden grutte dielen fan de heuvelrêch op 'e nij beboske.

De Utertske Heuvelrêch sjoen fan de Elsterberch ôf.

It súdlike part fan de heuvelrêch is yn it jier 2003 nasjonaal park wurden. It Nasjonaal Park Utertske Heuvelrêch is sa'n 6000 ha. grut en beslacht rûchwei it part fan de heuvelrêch dat súdlik fan de sneldyk A12 leit.