Springe nei ynhâld

Oftiteling

Ut Wikipedy
In foarbyld fan in ôftiteling.

De ôftiteling fan in film, tillefyzjeprogramma of kompjûterspultsje is in (lange) list mei de nammen fan 'e leden fan 'e cast en crew mei dêrby fermeld hokker rol oft se spile of hokker funksje oft se ferfolle hawwe. Oare dingen dy't yn 'e ôftiteling fermelden wurde, binne de eventuële sponsors fan 'e produksje, lju en/of bedriuwen dy't ferantwurdlik binne foar de distribúsje, in list fan muzykstikken dy't foar de produksje skreaun en/of brûkt binne, op hokker lokaasjes oft de opnamen dien binne, en ferskate wetlike disclaimers, bygelyks oangeande auteursrjochten. Wylst begjintitels oan of koart nei it begjin fan in wurk yn byld ferskine, wurdt de ôftiteling oan 'e ein toand. Fanwegen de tsjinstelling mei begjintitels wurdt de ôftiteling ek wol oantsjut as de eintitels. Ornaris wurdt de ôftiteling werjûn yn wite tekst op in swarte eftergrûn, dy't stadich fan ûnderen nei boppen troch it byld rôlet. Dêrby wurdt neat oars yn byld brocht dat de oandacht fan 'e tekst ôfliede kin. Der binne yn 'e regel ek gjin dialooch of lûdseffekten te hearren, mar inkeld de filmmuzyk.

Oarspronklik wie it by films gewoante om 'e nammen fan 'e hiele cast en crew wer te jaan yn 'e begjintitels, wêrby't dan as begelieding de filmmuzyk spile waard. Dêrtroch duorre it faak frij lang ear't in film úteinsette. Sokke films hiene yn 'e regel allinnich de tekst "Ein" ("The End" of "Fin") om 'e ein oan te jaan, soms folge troch noch in koart listke mei de nammen fan 'e wichtichste akteurs en de rollen dy't se spile hiene. Around the World in 80 Days, út 1956, wie de earste film dy't de nammen fan 'e hiele cast en crew yn in ôftiteling werjoech ynstee fan yn 'e begjintitels. Dat wie lykwols in útsûndering, want pas yn 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren waard it gewoante om dêrfoar in ôftiteling te brûken. Sûnt dy tiid wurde yn 'e begjintitels inkeld noch de alderwichtichste nammen fan cast en crew en de filmstudio's fermelden.

Om't it publyk yn 'e bioskoop it foar de moade hat om fuort te gean sadree't de ôftiteling begjint, besykje guon filmprodusinten en regisseurs op ferskate manearen de oandacht fan 'e sjoggers fêst te hâlden. Dat kin bygelyks troch it tafoegjen fan yllustraasjes oan 'e ôftiteling of troch it taheakjen nei ôfrin fan 'e ôftiteling fan bloopers (grappige mislearre opnamen dy't net ta it ferhaal fan 'e film hearre) of ien of mear post-credits scenes (ekstra sênes of bonussênes dy't wol ta it ferhaal fan 'e film hearre). By tillefyzjeprogramma's en by films dy't op 'e tillefyzje útstjoerd wurde, wurdt de ôftiteling faak sûnder pardon ôfkappe om tiid út te sparjen. Soks bart benammen by kommersjele tillefyzjestjoerders; by steatsomroppen (en yn Nederlân by de NPO) wurdt de ôftiteling almeast wol yn syn folsleinens sjen litten. De Britske steatsomrop BBC hat dêrby lykwols de gewoante om 'e ôftiteling fansiden te drukken, sadat yn 'e rest fan it byld wat oars sjen litten wurde kin, yn 'e measte gefallen oankundigings foar neikommende programma's. Filmmakkers binne net bliid mei sokke ûntwikkelings. Yn desimber 2010 stjoerden ferskate belange-organisaasjes út 'e filmyndustry in brief nei de ried fan bestjoer fan 'e NPO, wêryn't pleite waard foar it behâld fan 'e ôftiteling om't de nammefermelding foar leden fan 'e cast en crew in wichtige bydrage oan harren beropsmjittige karriêre foarmet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.