Springe nei ynhâld

Disclaimer

Ut Wikipedy

In disclaimer (útspr.: [dɪs'kle:mər], likernôch: "dis-klee-mur"), ek wol oardielûnthâlding, betingstferklearring of frijtekening, is in koarte tekst dy't in persoan of organisaasje brûkt om syn of har oanspraaklikheid yn in beskate risikohâldende oangelegenheid of sitewaasje ôf te wizen of te beheinen. It wurd 'disclaimer' komt út it Ingelsk, fan it tiidwurd to disclaim, dat "ôfwize" of "fersmite" betsjut. Foarbylden fan disclaimers binne: "parkearjen op eigen risiko" en "wy kinne gjin garânsje biede oangeande de feilichheid fan 'e webside, noch oanspraaklik steld wurde foar de skea dy't, direkt of yndirekt, it gefolch is fan in ûnderbrekking fan 'e beskikberheid fan 'e webside."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.