Springe nei ynhâld

Hurdspytsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerspitting)
Hurdspytsje yn 1860

Hurdspytsje (Nederlânsk: Overspitting) is in feart dy't eartiids fan It Tolhûs op De Jouwer fia Westermar nei de Bantsterskâns yn de Hearresleat by de Fok op It Hearrenfean rûn. It wetter kaam by de Terbantster Skâns op It Hearrenfean út rûn ek by Nijehaske, Aldehaske en Haskerhoarne lâns. De namme komt fan it graven fan it farwetter en it 'Hurd' soe fan de hurde grûn komme kinne. It wetter waard foar turfferfier brûkt.

De namme wurdt al neamd yn 1646 en mooglik al yn 1496. Op De Jouwer rûn it nei de Kolk en de ophelbrêge nei it Tolhûs. Oan de oare kant fan de ophelbrêge rûn it wetter as de Sylroede út yn de Alde Wei. Destiids koe fia de Kolk trochfard wurde nei it sintrum fan De Jouwer middels in skutslûs yn it ferlingde fan de Kolk nei de Hurdspytsje. Oan de Hurdspytsje leine túnkerijen en in grientefeiling. De te feilen griente waard mei de boat oanfierd. Doe't de tiid fan turf- en klaaifarren oer wie, foarmen de heechhouten noch lang in oantinken oan eartiids. It wienen de ferbinings tusken de pleatsen fan Westermar en de lannen oan de oare kant fan de Hurdspytsje. De brêgen moasten sá heech wêze dat in skip mei de mêst del der ûndertroch koe. Nei 1932 wie it al gjin farwetter mear.

De eardere Lytse Helling by de brêge yn de Slûsdyk, oer it Hurdspytsje
Feilinggebou oan it Hurdspytsje om 1930 hinne