Springe nei ynhâld

Oerlis:Rjoerikiden

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Rurik(iden)

[boarne bewurkje]

Ik ha it yn my oangean litten en neam it skaai 'Rjoerikiden' en Rurik soe dan Rjoerik wurde. As immen dat in bettere namme fynt, is my dat bêst genôch. - oerlis opnaam as gearfetting troch Meidogger:RomkeHoekstra

Wy hawwe ek al in Roarik. Drewes (oerlis) 31 des 2022, 18.22 (CET)[beäntwurdzje]
Witte wy genôch oer dy namme(n) om te sizzen at it deselde wie, en hoe at it sein waard? Of oars, hokfoar grûn hawwe wy foar dy "RJ"? Aliter (oerlis) 31 des 2022, 19.13 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha ek eefkes sjoen hoe't Roarik yn oare talen neamd wurdt en dat is hast sûnder útsûndering Rorik. Rurik dêrfoar oer wurdt fral Rurik, Rjoerik (Rjûrik) of Rjurik neamd. Aliter: Oer Rurik is net in soad bekend, hy is heal-legindarysk, hja libben likernôch yn 'e selde tiid mar Roarik wie kening fan Frisia, wylst Rurik stamheit wie fan 'e Rûs. It wol my net oan mar as it al deselde persoan west hat, dan moat it wol in hiel drok baaske west ha. Ut it Russysk/Oekraynsk wei transliterearre is it Rjoerik. RomkeHoekstra (oerlis) 31 des 2022, 19.42 (CET)[beäntwurdzje]
Myn namme is hjir allinnich troch bewurkings bykaam; ik wist der net genôch fan om der wat oer te sizzen. Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 20.12 (CET)[beäntwurdzje]

Dy Rurik/Rjurik wie yn elts gefal net deselde as Roarik fan Doarestêd. Rurik wie earder fan Sweedsk komôf wylst Roarik Deensk wie neffens de ferhalen. As jo @RomkeHoekstra: de side omneame wolle, is dat my wol goed.--Kneppelfreed (oerlis) 31 des 2022, 20.32 (CET)[beäntwurdzje]

It wie beslist net ien-en-deselde persoan, mar as ik Aliter goed begryp, freget er net oft it deselde persoan is, mar oft it deselde namme is. Dat kin fansels wol, mar dêrom hoege wy de nammen noch net gelyk te meitsjen. Tink bgl. oan 'e famkesnamme Djoke, dêr't ek in hiel soad ferskate farianten fan njonkeninoar besteane: Joke, Dieuwke, Djoeke, ensfh. It liket my de baas der yndie mar Rjoerik fan te meitsjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2023, 01.49 (CET)[beäntwurdzje]
It gie my allinne om de stavering fan de namme. Drewes (oerlis) 1 jan 2023, 16.54 (CET)[beäntwurdzje]
It gie my net allinnich om de stavering, mar om de stavering en it persoan.
  1. At is itselde persoan west hie, dan wie it goed de stavering itselde te hâlden.
  2. At it in oar is, mar wy witte dat it itselde komôf wie, dan is it goed at solks dúdlik wie, troch in keningsnamme. At der in Roarik fan Riustringen wie, dan wie it goed at syn sibbe "Roarik fan Doarestêd" wie.
  3. At it tafal is dat de nammen hast itselde binne, dan is it moai at wy in grûn hawwe om in ûnderskie te meitsjen. (At wy dêr in boarne foar hawwe is it goed at soks yn it artikel komt.) Ik nim oan dat jimme betocht hawwe wêrom it krekt dy stavering wêze moat. Aliter (oerlis) 1 jan 2023, 20.12 (CET)[beäntwurdzje]
Goed, dan meitsje ik der Rjoerikiden/Rjoerik fan.--RomkeHoekstra (oerlis) 1 jan 2023, 20.22 (CET)[beäntwurdzje]