Springe nei ynhâld

Oerlis:Koog aan de Zaan

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Fryske namme

[boarne bewurkje]

Hoi, @RomkeHoekstra, is dêr in boarne bûten de Fryske wikipedy foar de Fryske namme foar dit plak? Kneppelfreed (oerlis) 24 jul 2024, 17.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie @Kneppelfreed, nee ik ha net in boarne, mar ik kaam op Wikipedy wol "Koog oan de Saan" tsjin. Dat kloppet net om't koog yn it Frysk keech is. Ik ha hjir mei sin foar in ferfrysking keazen om 't de oare plaknammen yn 'e gemeente mei Saan (lykas Saandam en de rivier de Saan) ek yn Frysk neamd wurde. It like my dus yn dit gefal net ferkeard om der Keech oan de Saan fan te meitsjen. Mar as jo leaver Koog aan de Zaan ha, fyn ik dat bêst en wol ik dat wol feroarje. Mar Koog oan de Saan kin neffens my net.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 jul 2024, 19.01 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Om my kin dit sa wol, mar ik soe wol graach wolle dat wannear't jo soks dogge, jo de ferfryske namme even tafoegje oan Wikipedy:List fan ferfryske plaknammen bûten Fryslân. Ik sil sels Westsaan der even oan taheakje. As jo no der no even om tinke om, ôfhinklik fan hoe't dizze diskusje him fierder ûntjout, Keech oan de Saan yn 'e list te setten? Dan hâlde we dy list even aktueel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jul 2024, 19.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin foar Koog aan de Zaan. Dat is nammentlik de namme fan it plak. Drewes (oerlis) 24 jul 2024, 20.16 (CEST) FreyaSport (oerlis) 24 jul 2024, 21.01 (CEST)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Wolle jo ek noch eefkes jo foarkar útsprekke?--RomkeHoekstra (oerlis) 25 jul 2024, 08.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Sorry, foar it wat lette andert, ik haw op it stuit in soad oare dingen bûten de Wikipedy geande. Yn dit gefal bin ik foar de offisjele namme. Ik koe nearne wat fine oer "Keech oan de Saan". Kooch/Koog oan de Saan bin ik ek net foar, dat klinkt ek nuver. Oare nammen mei "Saan", lykas Saanstêd, Saandam, Westsaan, Eastsaan en faaks Saandyk binne yn de sprektaal aardich ynboargere, mar mei Keech oan de Saan is dat net sa. Dêrom bin ik foar de offisjele namme. Gr. (oerlis) 25 jul 2024, 19.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Gjin probleem Kneppelfreed, ik pas it artikel oer Koog aan de Zaan moarn oan. Tank allegear foar jimme reaksjes.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 jul 2024, 22.26 (CEST)[beäntwurdzje]