Oerlis:For Whom the Bell Tolls (roman)
Appearance
Hoe skiuwt men modern at it yn it ferline is
[boarne bewurkje]No haw ik der de ferskrikkingen fan de doe moderne oarlochsfiering fan makke. Mar faaks koe it ek sein wurde as: de ferskrikkingen fan moderne oarlochsfiering fan doe. Of noch oars. Hat immen dêr in idee oer?
(En ferskrikkingen of ferskrikkings.) Mysha (oerlis) 1 okt 2024, 14.21 (CEST)
- "Ferskrikkingen" en "ferskrikkings" is beide goed. Persoanlik brûk ik almeast de foarm mei de "-s", mar dat is in kwestje fan smaak. Fierders soe ik sizze: "de ferskrikkingen fan 'e moderne oarlochfiering", sûnder ferwizing nei doe derby. By moderne oarlochfiering tink ik oan mitrailleurs, tanks en bommesmiters, en dy hiene se yn 'e 1930-er jierren ek al. Net sa avansearre as no fansels, mar dochs. Ik tink dat it ûnderskie fral makke wurde moat mei histoaryske oarlochfiering yn 'e sin fan kavalery op hynders bewapene mei sabels en lânsen en dat soarte spul. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 okt 2024, 00.29 (CEST)
- Tank. Mar by de oarlochfiering fan not, tink ik oan machtige legers dy't alle krêften ynsette om te tsjinstanner mei de grûn lyk te meitsjen. Dat is net it idee dat ik krige fan de beskriuwing fan De Klok Liedt, mar ik haw it sels noch net lêzen da tik kin is wêze. Mysha (oerlis)
- De Spaanske Boargeroarloch wie in ôfgryslik bloedige striid. Ik haw it boek ek net lêzen, dus ik wit net oft dat dêryn weromkomt of dat it mar in beheind stikje fan it konflikt beljochtet, mar ik tink dat we dy oarloch yn elts gefal yn syn totaalheid wol omskriuwe kinne sa't jo dat hjirboppe dogge. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 okt 2024, 20.46 (CEST)
- Dat, dan wurdt it de ferskrikkingen fan de doe moderne oarlochsfiering? (It is altiten wat lêstich at der weromwiisd wurdt nei hjirboppe.) Mysha (oerlis)
- Nee, mei "hjirboppe" bedoelde ik jo útspraak "tink ik oan machtige legers dy't alle krêften ynsette om te tsjinstanner mei de grûn lyk te meitsjen." Sa't ik earder al sei, neffens my begjint de moderne oarlochfiering (sûnder "doe") by de Earste Wrâldoarloch, doe't men lang om let ophold mei kavalery op hynders en fel kleure unifoarmen, en doe't wapens as tanks en bommesmiters foar it earst yntrodusearre waarden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 okt 2024, 22.15 (CEST), Drewes (oerlis) 10 okt 2024, 17.16 (CEST)
- Dat, dan wurdt it de ferskrikkingen fan de doe moderne oarlochsfiering? (It is altiten wat lêstich at der weromwiisd wurdt nei hjirboppe.) Mysha (oerlis)
- De Spaanske Boargeroarloch wie in ôfgryslik bloedige striid. Ik haw it boek ek net lêzen, dus ik wit net oft dat dêryn weromkomt of dat it mar in beheind stikje fan it konflikt beljochtet, mar ik tink dat we dy oarloch yn elts gefal yn syn totaalheid wol omskriuwe kinne sa't jo dat hjirboppe dogge. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 okt 2024, 20.46 (CEST)
- Tank. Mar by de oarlochfiering fan not, tink ik oan machtige legers dy't alle krêften ynsette om te tsjinstanner mei de grûn lyk te meitsjen. Dat is net it idee dat ik krige fan de beskriuwing fan De Klok Liedt, mar ik haw it sels noch net lêzen da tik kin is wêze. Mysha (oerlis)
- Mja: Mar yn Oekraine wurdt de kriich doch oars útfochten as yn 1914. Mysha (oerlis)
- Ja, dêr hawwe jo wol gelyk oan, mar myn punt is dat it ferskil fan no mei oarloggen lykas de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) en de Krimoarloch (1850-er jierren) folle grutter is as fan no mei 1914, hoewol't dy beide oarloggen dy't ik neam eins yn 'e tiid tichter by de Earste Wrâldoarloch lizze. En dat komt trochdat omtrint de Earste Wrâldoarloch de technology syn yntree op it oarlochstoaniel dien hat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 okt 2024, 21.12 (CEST)
- Mja: Mar yn Oekraine wurdt de kriich doch oars útfochten as yn 1914. Mysha (oerlis)
Wêr wennet in Amearikaan?
[boarne bewurkje]Der stiet yn oare talen gauris Amearikaan, mar is dat net krekt om te sizzen dat dy persoan west fan de Atlantyske Oseaan libbet. Wy hawwe lykwol sein dat wy sa persys wêze moatte at it kin. Dat gjin Kanadees foar ien dy't spesyfyk fan Kebek is, en dus ek net Amearikaan at wy witte dat er út de Feriene Steaten komt. Mysha (oerlis)
- Merriman wie in kunde fan Hemingway; krekt as Merriman wie syn romanheld Robert Jordan in learaar oan in kollege yn de Feriene Steaten,... Drewes (oerlis) 2 okt 2024, 16.44 (CEST)
- @Drewes, @Mysha, mei in Amerikaan wurdt almeast in ynwenner/boarger fan de Feriene Steaten (fan Amearika) mei ornearre. Foar ynwenners fan oare lannen yn de Amearika's wurde allegear ferwiisd nei de lannen dêr't se weikomme, bygelyks Kanadezen, Meksikanen, Brazyljers, Argentinen, ensfth. Kneppelfreed (oerlis) 2 okt 2024, 20.15 (CEST)
- Krekt Drewes: Dêrom stie yn myn ferzje kollege yn Feriene Steaten, of soks. Dat is ommers persizer as kollege yn Amearika. Wy kinne wol sizze: "Wy nimme mar oan dat jimme witte dat wy soms mei 'Amearika' it gebiet bedoele, en soms it lân, mar dêr binne ûnderskate nammen foar dy't wy net brûke. Wy kinne ek ophâlde mei de Wikipedy om't, at it wichtich genôch is, it ek yn oar wikipedys komme sil. ... Mysha (oerlis)