Springe nei ynhâld

For Whom the Bell Tolls (roman)

Ut Wikipedy
Hotel „Ambos Mundos“ yn Havanna, dêr't Hemingway it earste haadstik fan de roman skreau

For Whom the Bell Tolls (Ingelsk, betsjutting likernôch: "Foar wa't de klok liedt") is in roman fan Ernest Hemingway. Hemingway skreau it boek yn 1939 yn Kuba en yn Key West yn Florida. It boek kaam út yn 1940 by Charles Scribner's Sons yn New York.

De roman waard in grut ferkeapsukses koart nei de publikaasje; tsjin de ein fan desimber 1940 wiene der 189.000 eksimplaren fan it wurk ferkocht yn krekt wat minder as njoggen wiken. Begjin april 1941 wie de ferkeap omheech gien nei 491.000 stiks en wiene der nochris 565.000 eksimplaren drukt. Yn koarte tiid waard For Whom the Bell Tolls Hemingway syn bêst ferkochte boek yn de Ingelsktalige wrâld. [1]

It boek hannelet oer Robert Jordan, in jonge eksplosive-ekspert út de Feriene Steaten, dy't as lid fan de Ynternasjonale Brigades tafoegd wurdt oan in anti-fasistyske guerilja-ienheid yn it berchtme, ûnder de Spaanske boargeroarloch. Tegearre moatte hja in brêge ferneatigje, dat de oanfal op Segovia slagje sil. Under de misje wurdt Jordan fereale op Maria, in faam dy't har âlden ferlern is troch de kriich.

Wichtige tema’s yn it boek binne de ferskrikkingen fan de moderne oarlochsfiering, eare, dea en selsmoard. De missy kin it bêst omskreaun wurde as in selsmoardaksje. De leden fan de guerrillagroep wurde konfrontearre mei anonime fijannen yn fleantugen en tanks.

Yn part is it boek autobiografysk: yn 1937 en 1938 kaam Hemingway fjouweris nei Spanje, as korrispondint oer de boargeroarloch foar de North American Newspaper Alliance (NANA). De haadpersoan basearre er grif op Robert Hale Merriman, in Amerikaan dy't yn 1938 yn Spanje fallen wie. Merriman wie in kunde fan Hemingway; krekt as Merriman wie syn romanheld Robert Jordan in learaar oan in kollege yn de Feriene Steaten, en focht er út eigen kar oan de loyalisten harren side; en krekt as Merriman ferdwynt er oan de ein fan oarloch efter de fijanlike linys. Hemingway neem ek in part fan syn eigen famyljeskiednis op yn it ferhaal en de haadpersoan, as Jordan oan de ein fan it boek weromtinkt oan syn heit syn selsmoard.

Gary Cooper yn de film-ferzje

Yn 1943, doe't de FS belutsen wienen yn de Twadde Wrâldkriich, waard der in film film fan it ferhaal makke, troch Sam Wood, mei Gary Cooper as Robert Jordan en Ingrid Bergman as Maria.

Yn 1965 hat de BBC der noch in bewurking fan makke, as in minysearje yn fjouwer parten.

For Whom the Bell Tolls waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch Carlos Baker: Hemingway - The Writer as Artist. 4e edysje. Princeton University Press, New Jersey 1972, ISBN 0-691-01305-5, s. 412.