Nomurakwab

Ut Wikipedy
nomurakwab
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme netteldieren (Cnidaria)
klasse skiifkwabben (Scyphozoa)
skift blomkoalkwabeftigen (Rhizostomae)
famylje blomkoalkwabben (Rhizostomatidae)
skaai nomurakwabben (Nemopilema)
soarte
Nemopilema nomurai
Kishinouye, 1922
IUCN-status: noch net evaluëarre

De nomurakwab of Nomura's kwab (Latynske namme: Nemopilema nomurai) is in tige grutte kwab út 'e klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), it skift fan 'e blomkoalkwabeftigen (Rhizostomae), de famylje fan 'e blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) en it monotypyske (út mar ien inkele soarte besteande) skaai fan 'e nomurakwabben (Nemopilema). It is ien fan 'e grutste soarten kwabben fan 'e wrâld. De nomurakwab wurdt yn Japan wol iten, mar wurdt dêr net beskôge as in delikatesse. De Japanske namme foar de nomurakwab is エチゼンクラゲ, echizen kurage.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nomurakwabben libje yn 'e seeën tusken Japan en de kust fan it Eastaziatyske fêstelân yn, benammen yn 'e Giele See en de Eastsineeske See.

Ferliking fan 'e grutte fan in nomurakwab en in minske.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folwoeksen nomurakwab is justjes grutter as in trochsneed minske. De klokfoarm fan 'e kwab kin oant 2 m yn trochsneed wurde en oant 200 kg weagje. Yn 2009 kapseisde in Japanske fisktrawler fan 11 ton, de Diasan Shinsho-maru, yn 'e Baai fan Tokio by it opheljen fan in net dêr't tsientallen nomurakwabben yn sieten. De trijekoppige bemanning waard rêden troch in oare fiskersboat.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nomurakwab is ferneamd nei in Kanichi Nomura, dy't yn 'e 1920-er jierren direkteur-generaal wie fan it Prefekturale Fiskerij-ûndersyksstasjon fan Fukui. Dyselde stjoerde nammentlik begjin desimber 1921 in fongen eksimplaar yn in houtene tank fan 72 liter nei de biolooch perfester Kamakichi Kishinouye, dy't fêststelde dat it om in ûnbekende kwabbesoarte gie en der yn 1922 de earste wittenskiplike beskriuwing fan opstelde.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fuortplantingseksploazjes fan 'e nomurakwab binne sûnt 1990 yn frekwinsje tanommen. Mooglike redens dêrfoar kinne wêze dat it in reäksje is op klimaatferoaring of op oerbefisking, of dat der troch minsklike aktiviteiten mear sedimint de see yn streamt, en dêr foar mear substraat soarget dêr't de polipen fan 'e nomurakwab har ûngeslachtlik op fuortplantsje kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.